Jan Smuts

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Smuts

Jan Christiaan Smuts (Bovenplaats, 24 maaie 1870Pretoria, 11 septimber 1950) wie in Súd-Afrikaansk militêr lieder, filosoof en steatsman.

Smuts stie yn de Boere-oarloch oan de kant fan de Afrikaners, wie Britsk generaal yn de Earste Wrâldoarloch en krige de Britske ûnderskieding War Marshal foar syn optreden yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy beklaaide meardere funksjes en wie minister fan Súd-Afrika tusken 1919-1924 en 1939-1948. Wie ek belutsen by it opsetten fan de Royal Air Force. Smuts wie ien fan de oprjochters fan it Folkebûn yn 1919 en fan de Feriene Naasjes yn 1945. Hy wie de ienige dy’t it fredesakkoard ûndertekene nei de Earste én de Twadde Wrâldoarloch. Jan Smuts is opnomd yn de list fan Rjochtfeardige ûnder de Folken foar syn steun oan de Joaden.