Jan Smit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Smit

Johannes Hendrikes Maria Smit, ( Volendam, 31 desimber 1985 ), is in sjonger út Nederlân. Jan is de broer fan de wat minder bekende sjongster Monique Smit. Oant 2000 wie syn artistenamme Jantje Smit. Under dy namme krige er yn 1997 lanlike bekendheid troch syn nûmer 1 hit: Ik zing dit lied voor jou alleen.

Smit song fjouwer jier, by it Volendamske jonkjeskoar ûnder de lieding fan Evert Beumer. Hy waard op 10-jierrige leeftyd ûntdutsen, doe't de Volendamske band B.Z.N. in duet opnimme woe fan sjongster Carola Smit mei jong pleatslik talint. Jan Smit waard útkeazen om it nûmer te sjongen. It ferske, Mama , kaam te stean op de B.Z.N.-CD (“A symphonic Night”) en waard in grut súkses. Jantje Smit mocht nei oanlieding dêrfan in solosingle opnimme, produsearre troch trije B.Z.N-leden. Dit ferske kaam te stean op harren CD (“A symphonic Night”).(Ik zing dit lied voor jou alleen) kaam op ien binnen yn de Nederlânske hitparades, troch gewykste marketing-aktiviteiten en it opkeapjen fan grutte partijen CD’s troch de platemaatskippij. Yn de twa folgjende jierren skoarde Smit noch 5 hits, wêrûnder Pappie, waar blijf je nou allegear nûmers skreaun troch de B.Z.N.-leden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]