Jan Pieter Heije

Ut Wikipedy
Jan Pieter Heije

Jan Pieter Heije (Amsterdam, 1 maart 1809 - dêre, 24 febrewaris 1876) wie in Nederlânsk dokter, mar is fral bekend wurden om syn krewearjen foar dichtkeunst en muzyk. Hy boaske mei Maria Margaretha van Voorst (14 novimber 1832).

Jan Pieter Heije, foarside Kinderliederen (druk fan 1847; 1e printinge 1843)

Hy studearre medisinen yn Amsterdam en promovearre dêr ek wêrnei't er dêr dokter waard.

Hy hat bydroegen oan tal fan lieten. Hy besocht in brede laach fan de befolking te berikken. Bernelieten hat er ek ta bydroegen. Bygelyks it no noch bekende: In het groene dal, in het stille dal, Zie de maan schijnt door de bomen, Een karretje dat over de zandweg reed en de Zilvervloot (oer Piet Hein), zijn daden benne groot).

Geastlike lieten, meast koralen. Koralen beskôge er as lieten fan maksimaal fjouwer koepletten wêr't inkeld ien haadgedachte of gemoedstastân yn foar komt. It Lietboek foar de Tsjerken hat noch ien fers fan syn hân: Gesang 464 (Alle volken looft de Here). Hy besocht mei syn lieten in brêge te foarmjen tusken protestantske, Roomsk-katolike en joadske tsjerkemuzyk.

Syn grêf leit yn it doarpke Abbenes, dêr't er regelmjittich by freonen wie. It grêfmonumint is makke troch Willem Molkenboer. It doarp hat in pleats dy't fan Heye's Vlaggenlied hiet.

Spreuk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Of uren duren Eeuwigheden,
Dat ligt~'em aan......'t besteden

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Het verdwaalde lam yn it boek Kinderliederen fan J.P. Heije
  • De morbis qui mentales dicuntur (medysk) proefskrift, 1832)
  • Kinderen. Een dichterlijke krans (1853)
  • Al de kinderliederen (1861)
  • Al de volksdichten (1865)
  • Uw Koninkrijk kome (1873)
  • Innigst leven eens dichters (autobiografy, 1874)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eduard Reeser Een eeuw Nederlandse muziek 1815 - 1915 (1950). 2e herziene druk, Querido, Amsterdam (1986). ISBN 90-214-7925-7
  • G.W. Huygens - J.P. Heije 1809-1876. Yn: t Is vol van schatten hier... (1986)
  • Jan Stroop - Heijes uitvaart en daarna. Yn: Nieuw Letterkundig Magazijn. Jiergong 19 (2001)