Jan Pelletier Engelman

Ut Wikipedy
Jan Pelletier Engelman

Jan Pelletier Engelman (Weidum, 17 desimber 1843 - It Hearrenfean, 29 maaie 1907) wie boargemaster fan Skoatterlân en lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Engelman wie boargemaster fan Skoatterlân fan 22 jannewaris 1891 - 19 july 1901 doe't hy steatelid waard. Syn opfolger op It Hearrenfean wie Lambertus Feits Gzn. Hy hat wenne yn huzinge 'Honk' oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean. J.P. wie presidint fan it Algemien Nederlânsk Plysje Bûn, dat in tinkteken op syn grêf sette litten hat. It begraafplak tusken de Minckelersstrjitte en it Gashâldersplein is wylst romme, mar inkele sarken, wêrûnder dy fan Engelman binne as oantinken bewarre bleaun.