Jan Lammers (sprinter)

Ut Wikipedy
Jan Lammers
sporter
Yn 2008 op de Tollien Schuurman atletykbaan yn Drachten
Yn 2008 op de Tollien Schuurman atletykbaan yn Drachten
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 30 septimber 1926
berteplak Drachten
stjerdatum 1 septimber 2011
stjerplak Oerterp
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Sprint
trener John Blankers
earste titel Ned. kampioen 200 m 1948
O.S. 1948
ekstra Ned. rekordhâlder 4 x 200 m 1947-1970
wichtige prestaasjes
200 m Europeesk Kampioenskip 1950

Jan Lammers (Drachten, 30 septimber 1926 - Oerterp, 1 septimber 2011) wie in eardere Fryske atleet, dy't koart nei de Twadde Wrâldoarloch op de sprintnûmers syn grutste súksessen helle. Hy die mei oan de Europeeske kampioenskippen fan 1946 yn Oslo, de Olympyske Spullen fan 1948 yn Londen en wûn op de Europeeske atletykkampioenskippen yn 1950 in brûnzen medalje op de 200 m.

Lammers melde him yn 1946 oan by atletykferiening AV 1945 yn Drachten. Boppedat waard hy tsjinstplichtich militêr. Fan Definsje krige hy alle meiwurking om it bêste út syn atletykkarriêre te heljen. Al gau waard syn talint opmurken en mocht hy útkomme foar de nasjonale plech.[1] Noch datsaelde jier waard hy útstjoerd nei it EK yn Oslo, wêr't hy meidie oan de 4 x 100 m estafetteploech. Mei Chris van Osta, Jo Zwaan en Gabe Scholten levere hy in goede prestaasje troch yn de finale as fjirde te finishen yn in tiid fan 42,3.

Begjin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1948 waard Jan Lammers ek goed genôch achte om Nederlân te fertsjintwurdigjen op de Olympyske Spullen yn Londen. Hy die mei oan de 200 m en opnij de 4 x 100 m estafette. Op it earste nûmer helle hy de kwartfinales, wêryn hy as fjirde mei in tiid fan 22,1 útskeakele waard, neidat hy earder yn de searje 22,0 rûn hie. Yn de estafette hie Lammers mear súkses. Mei Gabe Scholten, Jo Zwaan en Jan Meijer waard hy yn de finale seisde (en lêste) yn 41,9, nei de tredde searje fan de eliminaasjes wûn te hawwen yn 41,7. Nei ôfrin fan de finale waard it Amerikaanske team fanwege in ferkearde wiksel diskwalifisearre. As gefolch hjirfan skode it Nederlânske team op nei it 5e plak. Nei inkele dagen toande in amateurfilmkje lykwols oan dat de diskwalifikaasje ten ûnrjochte bard wie, omdat de oerdracht fan it estafettestokje binnen de offisjele ôfstân bard wie. De Amerikaanske estafetteploech waard nei trije dagen yn eare hersteld en krige dochs noch de gouden medalje. It Nederlânske team skode dêrtroch wer op nei it seisde plak.[2]
Ek yn 1948 helle Jan Lammers syn earste nasjonale titel op de 200 m en waard hy letter dat jier ek noch kampioen op de 100 en 200 m op de Ynteralliearde Militêre Kampioenskippen yn Brussel.

1950 wie wol it bêste jier fan Jan Lammers. Earst waard hy by de Nederlânske kampioenskippen dûbelkampioen op de sprint, om dêrnei by de Europeeske atletykkampioenskippen yn Antwerpen in brûnzen medalje te feroverjen op de 200 m. "Yn 1950 wie ik gjin medaljekandidaat, mar hoe mear it toernoai foardere, gie ik hieltiten better rinnen. En ta myn ferrassing wûn ik brûns. Myn tiid wie 22 sekonden."[1] It is oant hjoed-de-dei (2007) it lêste Nederlânske earemetaal, dat troch in manlike sprinter helle is op in grut ynternasjonaal outdoor toernoai.

Jan Lammers fêstige yn syn atletykkarriêre gjin nasjonale rekôrs op yndividuele nûmers, mar wie wol trije kear belutsen by in ferbettering fan it nasjonale rekôr op de 4 x 200 m estafette. De earste kear wie dit yn 1947, doe't hy mei Jo Zwaan, Chris van Osta en Jan Kleyn 1.28,4 noteare liet. In jier letter ferbettere in team, besteande út Jan Lammers, Jan Meijer, Anton Blok en Gabe Scholten dizze tiid ta 1.28,0, wêrnei't Bé Holst, Jan Lammers, Jo Zwaan en Jan Kleyn der yn 1949 1.27,6 fan makken. Dit lêste rekôr op it wat frij ynkûrante estafettenûmer bleau stean oant 1970.

Nasjonale kampioenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ûnderdiel jier
100 m 1950
200 m 1948, 1950

Persoanlike rekôrs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underdiel Prestaasje Datum Plak
100 m 10,6 s 4 septimber 1948 Brussel
200 m 21,6 s 4 septimber 1948 Brussel

Palmares[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

200 m[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1950: Brûns EK, Antwerpen - 22,1 s

4 x 100 m estafette[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1946: 4e EK, Oslo - 42,3 s
  • 1948: 6e Olympyske Spullen - 41,9 s

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Uit De sprintmedaille van Jan Lammers, Redactie (2006), bron: zie hierboven
  2. Ut Olympysk Oranje troch Ton Bijkerk (2004), boarne: sjoch hjirboppe

Keppeling om utens