Jan Kooistra (skilder)

Ut Wikipedy
Jan Kooistra (skilder)
keunstner
Jan Kooistra
Jan Kooistra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Kooistra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 febrewaris 1950
berteplak Damwâld
stoarn 21 jannewaris 2021
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder

Jan Kooistra (Damwâld, 3 febrewaris 1950 - Ljouwert, 21 jannewaris 2021) wie in keunstskilder, bekend wurden mei akwarellen fan blommen, de Waadsee, Fryske lânskippen en oare ûnderwerpen.

Hy makke ek oaljeferveskilderijen. Syn wurk is figuratyf mei dúdlike details. Sels neamde er syn styl 'ferdreamde werklikheden' of bytiden 'skildereftich realisme'.

Jan Kooistra wie in autodidakt dy’t, foardat er him folslein op it skilderjen talei, in kleanwinkel yn Damwâld hie. Hy hie in galery yn Dokkum oan de Djipswâl.

Hy hie grutte eksposysjes yn ûnder oaren Kastiel Groeneveld yn Baarn, it Singer Museum yn Laren, Hotel Des Indes yn De Haach en de Floriade yn Zoetermeer. Hy wie te sjen yn telefyzjeprogramma's, lykas by de Avro, en de EO makke in portret fan syn wurk yn it programma In beeld ... Jan Kooistra.

Kooistra stoar op 21 jannewaris 2021 nei in koart siikbêd yn de âldens fan 70 jier yn it MCL.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: