Jan Jorna

Ut Wikipedy

Jan Jorna (Ljouwerteradiel, 20 july 1854Idaarderadiel, 21 septimber 1927) wie in Nederlands arsjitekt.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jorna wie in soan fan Abe Floris Jorna en Baukje Jans Hoeben. Hy ferhuze 1888 nei Roermond, dêr't hy yn de lear gie by Cuypers. Dêrnei fêstige er him dêre as selsstannich arsjitekt oan de Godsweerdersingel. Hy ûntwurp in protte wenten yn Roermond en omkriten en ek in stikmannich tsjerken en kleasters. Fierders restaurearre hy de Kapel in 't Zand yn Roermond. Yn 1921 gie hy werom nei Fryslân, dêr't er yn 1927 as frijfeint stoar.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Willem Cartigny, (2007) "Roermond als bakermat van architectuur? Roermondse architecten in de periode 1850-1940", yn: Willem Cartigny, Leonard Fortuin, Lucien Jansen en Thei Moors (red.), De luis in de pels. Opstellen bij het tienjarig bestaan van de Stichting Ruimte. 1997-2007. Roermond: Stichting Ruimte (ISBN 9789081274913): s. 158.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Jorna fan Wikimedia Commons.