Jan J. Bijlsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jan J(ohan) Bijlsma (Ljouwert, 23 novimber 1931) hat yn Ljouwert it Stedsgymnasium ôfrûn en dêrnei oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersoplieding folge. Ûnderwizer te Sleat, Balk, en Grou. Sûnt 1958 learaar Nederlansk oan de RSG op It Hearrenfean, Redakteur fan ‘De Strikel’. Kaam mei it idee om it ‘Skriuwersalmanak’ om te bouwen ta in kalinder en betocht om de ynstjoerders in tema foar te lizen. As dichter is er in skerp waarnimmer fan oarmans eigenaardichheden, mar hy sparret himsels de krityk ek net. Letter wurdt er wat mylder. Relativearringsfermogen, gefoel foar humor en irony binne de wapens dêr’t Jan J. Bijlsma syn emosjonaliteit en meilydsumens mei de baas bliuwt. Behalve fan persoanlike fersen is Jan J. Bijlsma ek de dichter fan guon kabaretfersen, dy’t troch Rients Gratama bekend wurden binne. ( bg. ‘Dit Lân’ ) As skriuwer fan ‘It Fersin’ set er it artistike muzikantelibben tsjinoer it selsfoldiene, sabeare keunstsinnige fan in Fryske skriuwer mei in literêr tydskrift as Poadium. Hy ken beide út eigen wjerfarren. It tegearre skriuwen fan de detektives út de ‘Benedictus-rige’ mei Anne Hellinga wie nij yn de Fryske literatuer.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Bibliografy

[bewurkje seksje] Poëzij

  • Striptease (1967)
  • Altyd like fleurich (1971)
  • Jan Krukje en syn maten 1976)
  • As wie der neat te rêdden (1979)
  • Machtich as de miggen (1984)
  • Lyts mar krigel (1992)

[bewurkje seksje] Roman

  • It Fersin (1968)

[bewurkje seksje] Detektives (tegearre mei Anne Hellinga)

  • Moard op ’e Himrik (1973-1974)
  • Moard mei muzyk (1974)
  • Benedictus pakt troch (1975)

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Myn moaiste fersetsje : Reimer van Tuinen en De Strikel (gearstaller, mei oaren, 2006)

[bewurkje seksje] Prizen

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels