Jan Gelinde van Blom

Ut Wikipedy
Jan Gelinde van Blom

Jan Gelinde van Blom (Harns, 2 jannewaris 1796 - Drachten, 29 april 1871) wie in Fryske dichter en skriuwer. Van Blom wie ek amateurhistoarikus.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Gelinde van Blom waard yn 1796 yn Harns berne, wêr't syn âlden, Pieter Blom en Martijntje Gelinde, in lytse winkel hiene. Syn heit stoar doe 't hy njoggen jier wie, syn mem inkele jierren dêrnei. Van Blom waad dêrnei grutbrocht troch in omke. Hy moast fan de Latynske skoalle ôf en waard út reden fan syn moaie hânskrift klerk op in kantoar yn Harns. Noch foar syn sechtjinde waard hy beneamd ta learaar Frânsk oan in skoalle yn Drachten, dêr't hy doe't er 21 jier wie in betrekking krige by in notaris. Hy wurke ek op de gritenijsekretary en wie gemeenteûntfanger. Van Blom wurke himsels op ta selsstannich notaris, earst yn Aldegea, letter yn Drachten. Yn 1819 troude hy mei Maria Johanna Kuiper, in dochter fan in Drachtster sulversmid. It span krige njoggen bern (wêrûnder Philippus van Blom, dy 't letter as publisist op it terrein fan de Fryske taalkunde bekend wurde soe).

Yn syn libben beklaaide Van Blom ferskeidene publike funksjes: hy wie wethâlder fan Smellingerlân, lid fan de Fryskse Provinsjale Steaten, skoalleopsjenner en bestjoerder fan het Nut. Dêrrneist wie hy belutsen by it Provinsjaal Friesch Genoatskip ter Beoefening fan Fryske Skied- Aldheid- en Taalkunde en it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse en sette hy him yn foar it behâld en brûken fan it Frysk. Yn Drachten en omkriten, dêr't er de bynamme 'lytse boargemaster' hie, waard hy as in oansjenlik man beskôge, dy't boppedat beminlik yn de omgong wie.

Van Blom ferstoar yn 1871 yn de âldens fan 75 jier yn Drachten.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As skriuwer en dichter wie Van Blom besibbe oan syn tiidgenoaten de Bruorren Halbertsma, dy't harren lykas hy dwaande holden mei de saneamde folksaerdiche literatuer. Ien fan syn earste publisearre gedichten wie De reedrider, dat yn 1839 opnomd waard yn de De Vrije Fries, it yn dat jier foar it earst ferskynde tydskrift fan it Fries Genootschap. Yn 1840 waard in oantal fan syn gedichten bondele yn syn Proeve van het Harmonische in de Friesche dichtkunst. Oare bekende fersen, dy't ek yn De Vrije Fries publisearre waarden, wiene Wobbel fan Smell-ie (1846), Ljaecht (1846) en De thédrinkerije (1849).

In soad fersen fan Van Blom waarden op muzyk setten troch syn freon Martinus de Boer, gemeenteûntfanger yn Drachten. It duo hie mei dizze lieten in bulte súkses at se by de jierlikse gearkomsten fan it Nut opfierd waarden. Inkelde dêrfan, wêrûnder Ynskje en Oark en It froalike famke, waarden yn 1876 opnomd yn it Frysk Lieteboek. Van Blom wie foar syn tiid liberaal ynsteld, wat bygelyks blykt út syn fers De Broedbij, dat opfalt troch de revolúsjonêre gedachte dy't der op spottende toan yn ferwurke is. Twa jier foar syn dea waarden syn gedichten bondele yn Blomme-Koerke, oanbean oan syn lanzljue (1869).

As histoarikus wie Van Blom benammen fan belang trochdat hy as earste ûndersyk die nei de skiednis fan Drachten en omkriten. In lêzing hjiroer dy't hy foar it Nut fersoarge waard útjûn ûnder de titel De opkomst van het vlek Dragten in de provincie Friesland, vermeerderd met geschiedkundige aanteekeningen en bijlagen (1840).

Nei syn dea Van Bloms wurk foar it grutste part yn it ferjitten rekke, op de yn it Frysk Lieteboek opnomde fersen nei, dy't noch altyd songen wurde. Wol is yn Drachten in strjitte nei him neamd, de J.G. van Blomstrjitte.

Publikaasjes (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De reedryder (gedicht) (1839)
  • Proeve van het Harmonische in de Friesche dichtkunst (gedichten) (ek mei wurk fan oaren) (1840)
  • De opkomst van het vlek Dragten in de provincie Friesland, vermeerderd met geschiedkundige aanteekeningen en bijlagen (1840)
  • Wobbel fen Smelle-Ie (gedicht, nei P.C. Hooft) (1846)
  • Ljaecht (gedicht) (1846)
  • De thédrinkerije (gedicht) (1849)
  • Blomme-koerke, oanbean oan syn lanzljue (gedichten) (1869)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: