Jan Blokker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jan Andries Blokker (Amsterdam, 27 maaie 1927 - dêre, 6 july 2010) wie in Nederlânske sjoernalist, kollumnist, skriuwer, publisist en amateur-histoarikus.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Hy waard berne yn de Amsterdamske Admiralebuert en groeide op yn in frijsinnich-liberale húshâlding Syn heit wie kantoarman. Fan syn sânde jier ôf seach Blokker mei syn heit alle wiken it Polygoon-sjoernaal yn de Cineac. Blokker trochrûn de H.B.S. oan de Keizersgracht, en begûn yn 1944 oan it steatseksamen gymnasium-alfa. Dêrnei studearre er Nederlânske taal- en letterkunde en skiednis, mar makke beide stúdzjes net ôf.

Jan Blokker begûn as sjoernalist by Het Parool as learling-ferslachjouwer. Dêrnei gie er oan de slach as filmredakteur by it Algemeen Handelsblad. Fierder wurke er jierrenlang foar de VPRO en skreau hy filmsenario's, berneboeken en romans. Hy skreau jierrenlang kollumns foar de Volkskrant. Yn 2006 stapte er oer nei nrc.next en NRC Handelsblad.

Yn 2003 krige er de Gouden Ganzenveer en waard twarres ûnderskieden mei in Gouden Kalf.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1950 - Séjour
  • 1952 - Bij dag en ontij
  • 1954 - Parijs, dode stad
  • 1955 - Avontuur in Frankrijk
  • 1956 - Knollen en citroenen
  • 1960 - Op zoek naar een oom
  • 1961 - Niets aan de hand
  • 1974 - Ben ik eigenlijk wel links genoeg?
  • 1975 - Kijk uit, achter je
  • 1976 - Ga direct naar de gevangenis, ga niet langs AF en ontvang geen f 200,-
  • 1977 - Het eeuwige examen
  • 1978 - Altijd is Kortjakje ziek
  • 1978 - Het Kalekoppenhuis
  • 1979 - Afscheid van televisieland
  • 1979 - Jeroen de Grote
  • 1980 - Mij hebben ze niet
  • 1981 - Als de dag van gisteren
  • 1982 - Is m'n haar eigenlijk al weer kort genoeg? (ISBN 9061691710)
  • 1984 - Mag het ook zwart?
  • 1986 - Het station van Heerenveen (ISBN 9061692997)
  • 1986 - Kwaliteit staat er boven
  • 1987 - Het hart van Europa (ISBN 9061693411)
  • 1992 - De kroon en de mestvork
  • 1998 - Ben ik eigenlijk wel paars genoeg?
  • 2003 - De afrekening. Kroniek van het lange jaar 2002 (ISBN 9061696860)
  • 2005 - Het vooroudergevoel. De vaderlandse geschiedenis (tegearre mei Jan Blokker jr. en Bas Blokker. ISBN 9025427510)
  • 2005 - Waar is de Tachtigjarige Oorlog gebleven?
  • 2006 - Er was eens een God. Bibelske skiednis (tegearre mei Jan Blokker jr. en Bas Blokker. ISBN 9025426166)
  • 2008 - Nederland in twaalf moorden: niets is zo veranderlijk als onze identiteit. (tegearre mei Jan Blokker jr. en Bas Blokker. ISBN 902542564X)
  • 2010 - Nederlandse journalisten houden niet van journalistiek

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]