Jamie Lee Curtis
Jamie Lee Curtis | ||
akteur | ||
Jamie Lee Curtis, 2010 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jamie Lee Haden-Guest | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 novimber 1958 | |
berteplak | Santa Monica (Kalifornje) | |
jierren aktyf | 1977–no | |
prizen | sjoch tekst |
Jamie Lee Haden-Guest, sûnt 1996 baronesse Haden-Guest, (Santa Monica (Kalifornje), 22 novimber 1958) is in Amerikaansk filmaktrise en berneboeke skriuwster. Sy brûkt as aktrise har famkesnamme Jamie Lee Curtis. Curtis wûn ûnder oaren Golden Globes foar har rollen yn[Anything But Love en True Lies, yn American Comedy Award, yn Saturn Award (beide foar True Lies) en yn BAFTA Award foar Trading Places.
Curtis is in dochter fan de akteurs Tony Curtis en Janet Leigh. Har earste film betsjutte fuortendaliks har trochbraak: Halloween, 1978. Curtis spile letter ek yn koartswilige films, bygelyks as Ophelia yn Trading Places (mei Eddie Murphy en Dan Aykroyd) en yn A Fish Called Wanda, as minnares fan John Cleese. Mar dan yn 1985 wer yn in romantyske dramafilm Perfect mei John Travolta. Nei Halloween II hat hja dy rige earst farwol sein, mar 17 jier letter wie se wol wer ree foar de rol fan Laurie Strode yn wilens it sânde part fan Halloween, Halloween H20: 20 Years Later. De makkers fan Scream 3 (2000) hawwe noch besocht om Curtis oer te heljen foar in gastoptreden yn harren film, mar dit oanbod hat hja ôfslein. Yn Halloween: Resurrection (2002) wie sy wol wer mei yn de kompe.
Op 18 desimber 1984 troude Curtis mei akteur Christopher Guest. Sy adoptearren yn 1986 in famke Annie en yn 1996 soan Thomas. Doe't Guests heit yn 1996 kaam te ferstjerren, erven hy en syn frou de titel fan baron en barones.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2010 You Again Gail
- 2012 NCIS - Dr. Samantha Ryan (telefyzjerige)
- 2015 Scream Queens - Dean Munsch (telefyzjerige}
Berneboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e mande mei illustrator Laura Cornell, hat Curtis in tal berneboeken makke.
- When I was Little: A Four-Year Old's Memoir Of Her Youth, 1993.
- Tell Me Again About The Night I was Born, 1996.
- Today I Feel Silly, and Other Moods That Make My Day, 1998; listed on the New York Times 9 wike op de best-ferkoch list.
- Where Do Balloons Go?: An Uplifting Mystery, 2000.
- I'm Gonna Like Me: Letting Off a Little Self-Esteem, 2002.
- It's Hard to Be Five: Learning How to Work My Control Panel, 2004.
- Is There Really A Human Race?, 2006.
- Big Words for Little People, ISBN 978-0-06-112759-5, 2008.
- My Friend Jay, 2009, ien printinge, oanbean oan Jay Leno
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk berneboekeskriuwer
- Amerikaansk filantroop
- Homorjochte-aktivist
- Golden Globe-winner
- Amerikaansk persoan fan Deensk komôf
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Hongaarsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1958