James Stewart
James Maitland "Jimmy" Stewart (Indiana (Pennsylvania), 20 maaie 1908 - Beverly Hills (Kalifornje), 2 july 1997) wie in Amerikaansk filmakteur, dy't tige populêr by it publyk wie. Jimmy Stewart spile foaral sjuchtwei hinne all-American rollen, faak freonlike, fatsoenlike, bytsje skrutene karakters. Guon fan de films dêr't er yn meidie wurde no as klassikers beskôge, sa as Frank Capra's It's a Wonderful Life en Mr. Smith Goes to Washington en Alfred Hitchcocks Rear Window en Vertigo. James Stewart hat fiif kear gading makke nei in Oscar, wêrfan er ien krigen had. Yn 1984 krige er in eare-Oscar.
Neist syn filmkarriêre hat Stewart ek lang tsjinne by de loftmacht. Yn 1941 gong er it leger yn om te tsjinjen yn de Twadde Wrâldkriich. Hy wie de earste akteur dy't dat die. James Stewart waard piloat op in bommedrager, en fierde in soad misjes boppe Dútslân út. It levere him tal fan ûnderskiedings op, wêrby it Distinguished Flying Cross, de Croix de guerre wiene. Yn 1959 tsjinne er noch by de Air Force Reserve. Earst yn 1968 ferliet er it leger. Syn lêste misje wie boppe Noard-Fietnam yn in B-52 Stratofortress. Wilens wie er doe Brigadegeneraal.
Op 9 augustus 1949 troude er mei it eardere model Gloria Hatrick McLean. Hy wie doe 41 jier. Sy binne by inoar bleaun oant har dea op 16 febrewaris 1994. Se hiene in twilling, Judy en Kelly, berne op 7 maaie 1951. Gloria hie noch twa soannen út in earder houlik, Michael en Ronald. Ronald sneuvele yn 1969 yn de Fietnamoarloch.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Sitaat
You hear so much about the old movie moguls and the impersonal factories where there is no freedom. MGM was a wonderful place where decisions were made on my behalf by my superiors. What's wrong with that?
Lêste wurden: I'm going to be with Gloria now.
[bewurkje seksje] Folsleine filmografy
[bewurkje seksje] Feature films
[bewurkje seksje] Televyzje projekten
| Jier | Film | Rol | Oantekenings |
|---|---|---|---|
| 1971 | The Jimmy Stewart Show | Prof. James K. Howard | Televyzje rige (1971-72, NBC) |
| 1972 | Harvey | Elwood P. Dowd | PBS TV-film |
| 1973 | Hawkins | Billy Jim Hawkins | Televyzje rige (1973-74, CBS) |
| 1980 | Mr. Krueger's Christmas | Mr. Krueger | FOX TV-film |
| 1982 | The American Film Institute Salute to Frank Capra | Himsels - Gasthear | American Film Institute TV-film |
| 1983 | Right of Way | Teddy Dwyer | HBO TV-film |
| 1986 | North and South, Book II | Miles Colbert | ABC Minirige |
[bewurkje seksje] Dokumintêres en koarte ûnderwerpen
Unfolslein
| Jier | Film | Rol | Oantekenings |
|---|---|---|---|
| 1934 | Art Trouble | Mr. Burton | uncredited |
| 1936 | Important News | Cornelius "Corn" Stevens | |
| 1938 | Hollywood Goes to Town | Himsels | |
| 1939 | Hollywood Hobbies | Himsels | |
| 1942 | Fellow Americans | Ferteller | foar de USAAF |
| Winning Your Wings | Narrator | foar de USAAF | |
| 1943 | Screen Snapshots: Hollywood in Uniform | Himsels | |
| 1946 | American Creed | Himsels | |
| 1947 | Thunderbolt! | Ferteller | for the USAF |
| 1948 | 10,000 Kids and a Cop | ||
| 1954 | Tomorrow's Drivers | Ferteller | |
| 1956 | Screen Snapshots: Hollywood, City of Stars | Himsels | |
| 1957 | The Heart of Show Business | Ferteller | |
| 1961 | X-15 | Ferteller | foar de USAF |
| 1971 | Regy John Ford | Himsels | |
| 1974 | The World at War | Himsels | BBC Minisearjes |
| Just One More Time | Himsels | ||
| That's Entertainment! | Himsels en Archive Footage | ||
| 1994 | A Century of Cinema | Himsels en Archive Footage |
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as James Stewart en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |
- Feaster, Felicia. James Stewart Profyl Turner Classic Movies
- Kronenberg, Harold. Fleane mei Jimmy Stewart
- Obituary: "James Stewart, de Wifeljende Helt, stoar mei 89" - New York Times (July 3, 1997)
- News: "Princeton to Honor Famed Alumnus Jimmy Stewart '32 With Tribute and Theater Dedication" - Princeton University - (1997)
- The Jimmy Stewart Museum
- Jimmy Stewart fanstee
- Brig. Gen. James M. Stewart - National Museum of the United States Air Force
- Kennedy Center Honors: James Stewart
- Jimmy Stewart - Presidensjele Medalje fan Frijheid
- Movie stills and captions - Arabella & Company
- James Stewart - MovieActors.com
- Jimmy Stewart - ClassicMovies
- Entertainment Weekly's 100 Greatest Movies of All Time - Entertainment Weekly
- Jimmy Stewart's tebektinken oan "It's a Wonderful Life"
- James Stewart - Alfred Hitchcock Wiki
- Mr. Stewart Goes to Vietnam - Artikel út Vietnam magazine oer Stewart's B52 misje yn 1966
- Bylden: Stewart Pictures - Telecommunication & Film Department, University of Alabama