James Mason

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
James Mason (midden) yn North by Northwest

James Neville Mason (Huddersfield, Yorkshire, 15 maaie 1909 - Lausanne, Switserlân, 27 july 1984) wie in Ingelsk akteur dy't yn mear as hûndert Amerikaanske en Britske spylfilms spile. De kwaliteit fan dizze films rint tige útien. Mei troch syn werkenbere, huningswiete stimlûd en syn sjarmante ferskining koe er sawol in minnen-ien as haadrollen spylje. Hy waard trije kear nominearre foar in Oscar, mar hat nea ien wûn.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

James Mason hat twarres troud west, mei aktrise Pamela Kellino fan 1941 oant 1964 en mei aktrise Clarissa Kaye fan 1971 oant syn dea yn 1984. Hy hat twa bern by Pamela: aktrise/senarioskriuwster Portland Mason (1948-2004) en filmprodusint Morgan Mason (1955). Morgan troude yn 1986 mei sjongster Belinda Carlisle.

Mason stoar mei 75-jier yn syn hûs yn Switserlân oan in hertoanfal.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]