James M. Cain

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
James M. Cain

James M(allahan). Cain (Annapolis (Maryland), 1 july 1892University Park (Maryland), 27 oktober 1977) wie in Amerikaansk romanskriuwer, senarist en sjoernalist.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Cain kaam út in Iers-katolike famylje yn Annapolis, Maryland, in soan fan fan on foaroansteand pedagooch en operasjonger. Fan syn mem hie er syn leafde foar muzyk, mar syn stim wie net goed genôch foar in sjongkarriêre en dat muoide him bot. De húshâlding ferhuze nei Chestertown (Maryland) yn 1903. Tsjin 1914 hie Cain besletten dat er skriuwer wurde soe. Hy gie oan't wurk as sjoernalist.

Cain waard oproppen foar tsjinst yn it Amerikaansk leger en wie it lêste jier fan de Earste Wrâldkriich yn Frankryk dêr't er foar in Legerkrante skreau.

Cain debutearre 1934 mei The Postman Always Rings Twice, in goed foarbyld fan de ‘tough novel’ dy't ûnder ynfloed fan Ernest Hemingway ûntstie. It boek waard bewurke foar toaniel (1936), twaris ferfilme (1946 en 1981) en foar opera bewurke (1982).

De titel fan de roman slacht net op de ynhâld – in fatale leafdesskiednis – mar op it feit dat it manuskript troch in protte útjouwers weromstjoerd waard foar't it lang om let publisearre waard.

Cain syn lettere romans binne faak swakker fan komposysje, mar psychologysk sterker. Hy bleau skriuwen oant syn dea yn de âldens fan 85 jier, mar benammen de protte romans dy't er nei de fjirtiger jierren publisearre hellen nea it finansjele súkses en de populariteit fan syn eardere wurk.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]