Jakobus de Rjochtfeardige

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbylding fan Jakobus

Jakobus de Rjochtfeardige wurdt yn it Evangeelje de "broer fan de Hear" (fan Jezus) (Markus 6,3) neamd. Hy wurdt de Rjochtfeardige neamd om ûnderskied te meitsjen mei oare Jakobussen dy't yn it Nije Testamint neamd wurde. De oertsjûging dat Jakobus "de broer fan de Hear" is, is lykwols striderij oer.

[bewurkje seksje] "Broer fan de Hear"

Neffens de Roomsk Katolike tradysje wurdt mei de beskriuwing dat Jakobus "broer fan de Hear" is, in besibbenens mei Jezus Kristus oantsjutten. Neffens harren hâldt dy besibbenens yn dat hy gjin broer fan Jezus wêze kin, omdat dit stridich is mei dat Maria de mem fan Jezus altyd faam bleaun wie. Yn harren optyk is Jakobus in neef.

Neffens de measte Protestantse tsjerken is Jakobus wol in natuerlike broer fan Jezus, dat in soan fan Marije en Jozef. Dy opfetting is lykwols yn de rin fan de ieuwen ûntstien.

De Ortodokse Tsjerke sitte mei harren opfetting dêr krekt tusken yn. Sy binne fan betinken dat Jakobus net in folle broer is, mar in healbroer fan Jezus, berne út in earder houlik fan syn heit Jozef.

[bewurkje seksje] Libben

Oer it libben fan Jakobus is yn de Bibel net in soad skreaun. Yn Jehannes 7,3-6 stiet lykwols dúdlik skreaun dat de "broers" fan Jezus him (noch) net leauden.

It Evangeelje fan de Hebreeën (yn gebrûk by de Ebioniten, likernôch 150 n. Kr) fermeldet dat Jezus nei syn ferskining oan Maria Magdalena en de learlingen ek oan Jakobus persoanlik ferskynt. Jakobus kaam doe ta leauwen yn Jezus. In ferwizing nei dit foarfal is ek werom te finen yn 1 Kor. 15,7, dêr't Paulus melding makket fan soksoarte foarfal.

Ut Hannelingen 12,17 en 15,15-21 kin opmakke wurde dat Jakobus in wichtige rol spile binnen de iere kristengemeente fan Jeruzalem. As sadanich wurdt hy troch it meastepart fan de Kristlike tsjerken sjoen as de earste biskop fan Jeruzalem. Yn it apokrive Evangeelje fan Tomas, logion 12 stiet sels skreaun dat Jezus syn broer Jakobus as syn opfolger oanwiist.

De katoliken ferearje Jakobus as hillige. Syn hjeldei is op 3 maaie. De Ortodokse Tsjerke fiert syn hjeldei op 9 oktober en op 30 juny mei de oare tolve apostelen.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen