Jakob Ammann
Jakob Ammann (± 1656–1730) wie in predikant fan de menisten yn Switserlân.
Libben [bewurkje seksje]
Jakob Amman waard berne om 1656 hinne yn it plak Erlenbach im Simmental yn Switserlân. Syn krekte bertejier is net bekend. Yn 1696 wenne hy yn de regio Sainte-Marie-aux-Mines yn de Elsas. Syn namme is weromfûn op in list út 1708 dy't tekene wurde moast troch alle menisten yn de Elsas.
De lear fan Amman [bewurkje seksje]
Amman wie it net iens mei de lear fan de menisten yn it 17e ieuske Switserlân. Yn 1693 gong hy yn it Switserske Emmental by ferskate doperske mienskippen del. Dêr fertelde hy de menisten dat se twa kear yn 't jier kommuny dwaan moasten ynstee fan ien kear. Hy wie ek fan betinken dat kristenen elkoars fuotten waskje moasten by de kommuny, as teken fan hearrigens oan Kristus. Amman woe de suvere lear en spirituele dissipline werom hawwe. It trimmen fan it burd waard troch him ferbean en ek it dragen fan nijmoadrige klean mocht net. Amman woe gjin kontakt tusken ekskommunisearre mienskipsleden (dy't bûten de tsjerke set binne) en oare leden.
De suggestjes fan Amman laten ta in skieding tusken syn folgers en oare menisten yn de Elsas en Switserlân. De folgers fan Amman wurde Amish neamd.
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jakob Ammann fan Wikimedia Commons. |
- Jakob Ammann yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online