Jacques Perk
Ut Wikipedy
Jacques Fabrice Herman Perk (10 juny 1859, Doart - 1 novimber 1881, Amsterdam) wie in bejeftige, jonge Nederlânske dichter, waans sonnettekrâns Mathilde, útjûn troch Willem Kloos, de oanset foarme ta de fernijende Beweging fan Tachtich (of: Tachtigers) yn de Nederlânske literatuer. Hy wie de soan fan dûmny Marie Adrien Perk en de neef fan Betsy Perk, in foaroansteand foarfjochtster fan de rjochten fan de frou. Perks byldzjende natuerlyryk, foaral yn de foarm fan it sonnet, dêr't er ûnder ynfloed fan de Ingelske dichter Shelley grutte fernijings yn tapaste, heard ta it bêste dat op dit mêd yn it Nederlânsk skreaun is en hat in wichtige ynfloed hân op de poëzij fan lettere tiden. Perk stoar al mei 22 jier yn Amsterdam oan in longoandwaning.
Primêre bibliografy [bewurkje seksje]
- 1881 De schim van P.C. Hooft. yn: De Nederlandsche Spectator, 26 maart 1881. Den Haach, Nijhoff.
- 1881 Eene Helle- en Hemelvaart. yn: De Nederlandsche Spectator, 3 septimber 1881. Den Haach, Nijhoff.
- 1881 Iris. Yn: De Tijdspiegel fan oktober 1881. Amsterdam, Veen.
- 1882 Gedichten. Met in Foarrede fan mr. Carel Vosmaer, en in ynlieding fan Willem Kloos. Snits, Pijttersen.
- 1894 Nagelaten verzen van Jacques Perk, útjûn troch Willem Kloos. yn: De Nieuwe Gids, jiergong 9. Amsterdam, Versluys.
- 1941 Jacques Perks Mathilde-krans, naar de handschriften volledig uitgegeven door G. Stuiveling, trije dielen (wittenskiplike útjefte). Den Haach, Boucher.
- 1957 Verzamelde gedichten, naar de handschriften uitgegeven door Garmt Stuiveling. Amsterdam, Arbeiderspers.
