Jacqueline van der Waals

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jacqueline Elisabeth van der Waals (Den Haach, 26 juny 1868Amsterdam, 29 april 1922) wie in Nederlânske dichteres, skriuwster, oersetster en learares.

Komôf en wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Hja wie in dochter fan de wrâldferneamde natuerkundige J.D. van der Waals. Hy wie Nobelpriiswinner en de Vanderwaalskrêft is nei him neamd. Jacqueline van der Waals helle de HBS en studearre thús foar de helpakte foar it ûnderwiis en de M.O.-akte foar skiednis. Se wie learares yn Doorn, Bloemendaal en Amsterdam.

Dêrneist sette hja oer út ûnder oaren de Skandinavyske talen en skreau essays oer Søren Kierkegaard, Henrik Ibsen en Selma Lagerlöf. Gedichten skreau hja yn it earstoan ûnder it pseudonym Una Ex Vocibus (Latyn voor 'Ien fan de stimmen'). De begjinletters dêrfan binne itselde as dy fan Ursule Eleonora Velt, de haadpersoan fan har autobiografyske roman Noortje Velt (1907).

Van der Waals mocht graach tennisje, reedride, kuierje en berchbeklimme, aktiviteiten dy't yn har gedichten weromkomme. Teffens die hja mei oan stúdzjegroepen dêr't hja filosofen as Kierkegaard en Nietzsche bespriek.

Tema's[bewurkje seksje | edit source]

Yn har gedichten binne tema's te ûntdekken as:

  • de natuer. Hja ropt in protte gefoelens op, lykas yntins lok, mar dêrtroch tagelyk ek drôvens en weemoed.
  • God, yn har gedichten en bygelyks de oersetting "Zegen ons Algoede".
  • de dea. Somtiids langet se dêrnei, mar hja pleecht gjin selsmoard: sy kiest foar it libben.

Annunciatie[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1921 wurdt maachkanker by har fêststeld. Yn har gedichten wurdt dúdlik dat se, no't se wit dat se ynkoarten dea giet, it libben noch yngeander belibbet. Hja oanfurdicht it libben en de dea. Yn it gedicht Annunciatie ferwurdet se dat dúdlik:

Annunciatie
Ik hoorde uw voetstap naadren op het pad,
Ik wachtte, en zag u na een korte pooze.
- Hoe geurden 't dennenboschje en de rozen! -
Toen gij mijn open woning binnentradt.
Gij waart dien avond, toen gij tot mij kwaamt,
O Dood, niet overmoedig, niet vermetel,
En toen gij plaats naamt in mijn zachten zetel,
Gelijk een knaap zoo schuchter en beschaamd.
"Ik kom misschien wat laat en ongelegen?
Maar God heeft mij gezonden met een last."
Ik sprak: "Wie tot mij komt van Zijnetwege
Is mij ten allen tijde een lieve gast."
Ik bood u spijze, ik dronk met u den wijn.
Toen spraakt gij vragend, en uw oogen zagen
De mijne niet, naar de uwe opgeslagen,
Maar staarden peinzend in den avondschijn:
"Ik weet, dat ge u een woning hebt gebouwd,
Die gij zoo juist van plan waart te betrekken?
Dat gij de taak, door God u toevertrouwd
Ten laatste aan uzelve zoudt ontdekken,
Als gij uw eigen leven leven zoudt?" ...
Maar met een glimlach sprak ik snel en stil:
"Kwaamt gij, o Dood, mij van mijn plannen spreken?
Spreek en verkondig mij des Meesters wil."
Toen stondt gij op, toen gaaft gij mij het teeken,
Waarmede gij de uwen wijdt, o Dood. -
Ik deed u even later uitgeleide,
Ik zag u duister in het avondrood
Verdwijnen in de duisternis der heide.
En keerde huiswaarts langs het kiezelpad,
Ik sprak niet "goede Dood", ik sprak niet "booze",
En 'k had het leven nooit zoo lief gehad.


Biografy en Samle wurk[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1982 ferskynde har biografy Jacqueline E. van der Waals, Haar leven en haar werk, skreaun troch Anton Ent en Jacoba Kramer-Vreugdenhil. Van der Ent besoarge yn 1994 har poëzij ûnder de titel Jacqueline E. van der Waals, Verzamelde Gedichten.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • 1900 - Fersen
  • 1910 - Nije Fersen
  • 1918 - Iris
  • 1923 - Lêste Fersen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]