Jacobus van der Steege

Ut Wikipedy
Jacobus van der Steege

Jacobus van der Steege (Ljouwert, 5 novimber 1746 - Amstelveen, 31 july 1812) wie in Ljouwerter genêshear.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jacobus waard berne op de hoeke Slotmakkersstrjitte/Speelmanstrjitte. Syn heit, Yde van der Steege, wie boade yn tsjinst fan de rjochtbank; syn mem, Geiske Bruins, behearde in útdragerij yn âlde klean. Heit Yde sûpte frijwat en kaam dêrtroch faak yn de problemen. Syn frou hat him ris oanjûn en hy waard fêstsetten yn it blokhûs.

Offisier fan de Ljouwerter skutterij Dirk Pars hie begrutsjen mei Jacobus syn bern en naam him yn tsjinst. Troch de kolonel waard Jacobus yn 1767 by steat steld om genêskunde te studearjen yn de stêd Grins. Hy studearre ôf by Petrus Camper. Yn 1772 fêstige Van der Steege him as genêshear oan de Guldenspoarenstrjitte yn Grins. Doe't Hiëronymus de Blau by fjoerwurk yn de Grins ferwûne rekke en troch Van der Steege wer opknapte (en er troude mei Hendrika Struyk) krige Jacobus middels riedshear Quirijn de Blau oansluting by de bopperein fan Grins. Op foarspraak fan De Blau waard Jacobus van der Steege sjirurgyn yn Batavia, dêr't de malaria in soad slachtoffers makke. Hy rekke dêr befreone mei Martinus Baljee dy't letter boargemaster fan Batavia wurde soe. Teffens hied er noch in eigen praktyk.

As liifdokter fan de âld-Grinzer Willem Arnold Alting waard Jacobus van der Steege regint yn it binnen-sikehûs fan de VOC. Hy begûn mei it ynintsjen tsjin pokken. De frou fan de sultan fan Bantam waard better troch Van der Steege en joech syn frou in kroan mei edelstiennen. Wilens draaide syn húshâlding foar in grut part op it wurk fan slaven.

As man fan de wittenskip - hy skreau mei in soad gelearden yn Europa - stjoerde er in soad bisten út Ynje op nei syn Grinzer learmaster Petrus Camper foar dy syn Museum fan Natuerlike Histoarje.

Doe't er nei 16 jier werom kaam yn Nederlân wie er miljonêr. Syn fermogen waard rûsd op sa'n fiif oant seis miljoen gûne. Yn Grins liet er in ymposant patrysjershûs bouwe oan de Oude Boteringestraat 44. As er yn Ljouwert wie, wenne er yn it troch him oankochte hûs oan de Slotmakkersstrjitte. Yn 1790 waard er beneamd as direkteur fan de Hollânske Maatskippij fan Wittenskippen.

By de Bataafske revolúsje keas er de kant fan de patriotten en rjochte op 14 febrewaris 1795 mei oare leden fan it comité revolutionaire op de Grinzer Grote Markt in frijheidsbeam op. De stêd Grins furdige him ôf nei de Steaten Generaal yn De Haach en dêr waard er boppedat beneamd as lid fan de Rie fan Aziatyske besittings. Nei it hommels ferstjerren fan syn frou ferfear er nei Amstelfean dêr't er yn 1812 kaam te ferstjerren.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eekhof.W Het leven van Jacobus Baljée (Ljouwert 1835), side 123-200
  • Van der Brug, P.H. - Malaria en Malaise (Amsterdam 1994)
  • Friesland Post, jannewaris 2000 side 28-31
  • Barbara Henkes, Leeuwarder werd miljonair op Java, slaafgemaakten deden de huishouding, Frysk Deiblêd, 8 juny 2021, s. 21