Jacobus Pierson Tholen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jacobus Pierson Tholen ( Ljouwert, 20 septimber 1764 - Frjentsjer, 20 septimber 1824 ) wie in lektor wiskunde en kriichsboukunde (1788), heechlearaar yn de ierdrykskunde (1797) yn Frjentsjer. (Teffens lei er him ta op de Grykske, Romeinske en Easterske talen.)

Tholen wie ek lid fan de gemeenterie fan Frjentsjer, fan de kommisje dy't mjitten en wichten regele yn Ljouwert, en sûnt 1805 lid fan de Provinsjale Steaten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Tholen, Jacobus Pierson.
  • Van der Aa, Biografysk Wurdboek fan de Nederlannen, Jacobus Pierson Tholen