Jacoba van Velde

Ut Wikipedy
Jacoba van Velde
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Tonny Clerx
echte namme Catharina Jacoba van Velde
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 maaie 1903
berteplak Den Haach
stoarn 7 septimber 1985
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Romans
bekendste
  wurk(en)
De grote zaal

Catharina Jacoba van Velde (Den Haach, 10 maaie 1903 - Amsterdam, 7 septimber 1985) wie in Nederlânske skriuwster. Har romandebút De grote zaal ferskynde yn 1953 en waard yn 10 jier yn 13 talen oerset. By har libben waarden der sa'n 75.000 stiks fan De grote zaal ferkocht. Yn 2010 wurdt it boek yn it ramt fan de lanlike kampanje Nederland Leest fergees weijûn (22 oktober t/m 19 novimber) oan de leden fan alle iepenbiere bibleteken.

Jacoba wie de jongste út in hûshâlding fan fjouwer. Har heit wie yn har jeugd in protte ôfwêzich en har mem wie waskfrou. Sy gong oant har tsiende nei skoalle, mar makke harsels dochs ferskate talen eigen. Al mei santjin jier gong sy nei Parys om in dûnsoplieding te folgjen. Yn 1924 troude se mei de fioelist Harry Polah; sy treden op yn Berlyn. Letter foarme hja mei in manlike partner it dûnsduo Pola Maslowa & Rabanoff. Tegearre gienen se kabarets en fariëteeteaters by del yn in grut tal Europeeske lannen. Yn 1937 boaske sy oan de skriuwer Bob Clercx. Beide houliken bleaunen sûnder bern.

Van Velde wenne in grut part fan har libben yn Parys, lykas har bruorren Geer en Bram van Velde, dy't nei de Twadde Wrâldkriich namme meitsje soenen as skilder. Fuort nei de Twadde Wrâldkriich wie hja ûnder de namme Tonny Clerx literêr agint foar it Frânske wurk fan de Ierske (toaniel)skriuwer en dichter Samuel Beckett, mar dêr hold se yn 1947 mei op om har op de eigen skriuwerij konsintrearje te kinnen. Van Velde's oeuvre bleau beheind; meast wie hja warber as oersetster en dramaturch. Under oaren sette sy toanielstikken fan Samuel Beckett, Eugène Ionesco en Jean Genet fan it Frânsk nei it Nederlânsk oer.

Van Velde har twadde en lêste roman, Een blad in de wind (1961), krige minder goede kritiken. Jacoba van Velde sette noch út ein mei in tredde roman, De verliezers, mar makke him nea ôf.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • 1947 - Évasion (ferhaal)
  • 1953 - De grote zaal (roman)
  • 1961 - Een blad in de wind (roman)
  • 1987 - Verzameld werk (twa romans en tsien ferhalen)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedia, Jacoba van Velde