Jacob Fenenga

Ut Wikipedy
Gedicht yn it Skiermûntseagersk troch Jacob Fenenga op de glêzen wanden fan in bushalte oan de Oosterreeweg

Jacob Fenenga (Skiermûntseach, 27 septimber 1888 - Grins, 1 febrewaris 1972) wie gesachfierder op de grutte feart en in Frysk dichter, dy't dichtwurk publisearre yn it Skiermûntseagersk.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fenenga waard yn 1888 berne op Skiermûntseach as soan fan Harmen Melles Fenenga en fan Catharina Visser. Hy keas foar in rinbaan by de grutte feart. Hy waard yn 1914 earste stjoerman en om 1917 hinne gesachfierder fan de rederij Phs. van Ommeren yn Rotterdam. Hy soe gesachfierder oer sa'n tolve skippen fan dy maatskippij wurde. Op 12 septimber 1942 waard de tanker Woensdrecht, dêr't hy gesachfierder fan wie, torpedearre. It skip hie 35 oerlibjenden oan board fan in torpedearre Ingelsk skip. Nei twa dagen waarden de lju oan board rêden. Fenenga krige dêrfoar it oarlochsoantinkenskrús útrikt. Nei de Twadde Wrâldkriich kearde er mei syn húshâlding werom nei Skiermûntseach, dêr't hja wenje soene yn it lânhûs "Sturmia" oan de Reddingsweg. Syn gedicht Wat biint us oon dat lytj stok laun? (Wat bynt ús aan dat stikje grûn) is opnommen yn de Taalrûte fan Skiermûntseach. De tekst is oanbrocht op de glêzen wand fan in bushalte oan de Oosterreeweg yn Skiermûntseach.

Fenenga boaske op 31 desimber 1908 op Skiermûntseach mei Maria Jeannette Cornelia Hooghart. Hy stoar yn febrewaris 1972 yn 'e âldens fan 83 jier yn Grins. Hy waard begroeven op Skiermûntseach. Syn dochter Co van der Leij-Fenenga stalde mei Laura H. van Bon-de Vries in lieteboek fan Skiermûntseach gear: "Ús eilaun besangen" is in eilander lietbúek".

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: