Jack de Vries

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jack de Vries

Jacob Gabe (Jack) de Vries (Drachten, 25 july 1968) wie in Fryske politikus foar it CDA. Jack de Vries is troud en hat twa soannen. Hy is lid fan de Nederlânsk Griffoarmearde Tsjerken.

Hy wie fan 1 desimber 2005 oant 30 maart 2007 as kampanjelieder yn tsjinst en jildt as de arsjitekt fan it goede resultaat fan it CDA by de Twadde Keamerferkiezingen 2006. Earder wie De Vries foarljochter fan de CDA-fraksje en persoanlik polityk adviseur fan premier Jan Peter Balkenende. Fan 18 desimber 2007 oant 14 maaie 2010 wie hy steatssekretaris fan it ministearje fan Definsje yn it kabinet-Balkenende IV. Hjirmei wie hy de opfolger fan partijgenoat Cees van der Knaap.

[bewurkje seksje] Libbensrin

De Vries studearre politikology oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy waard yn 1992 foarsitter fan it CDJA en wie yn dizze perioade teffens persoanlik meiwurker fan Keamerlid Helmer Koetje. Nei syn stúdzje yn 1992 gie hy yn militêre tsjinst en waard dêrnei berops bepaalde tiid (BBT). By de lânmacht wie hy ek foarljochter/sjoernalist. Yn 1995 waard De Vries foarljochter by de Stifting Philadelphia Soarch yn Nunspeet. As lid fan it CDA-partijbestjoer bleau hy lykwols belutsen by de polityk.

Yn 1997 kaam De Vries opnij yn tsjinst by it CDA, doe't hy foarljochter waard fan de fraksje yn de Twadde Keamer. Hy tsjinne efterinoar fraksjelieders Enneüs Heerma en Jaap de Hoop Scheffer. De Vries besocht it CDA, dat op dat stuit yn de opposysje siet, mear pro-aktyf te meitsjen rjochting de media. Neidat De Hoop Scheffer yn oktober 2001 as fraksjelieder oan de kant skood waard, die ek De Vries desillusionearre in stap werom. De nije fraksjefoarsitter Jan Peter Balkenende helle him lykwols al fgau werom as persoanlik adviseur. Doe't Balkenende yn 2002 premier waard, naam hy De Vries mei nei it ministearje fan Algemiene Saken as syn politike rjochterhân. Hy hold him yn dy funksje dwaande mei de partijpolitike kant fan syn baas. De Vries jilldt as it skaad fan Balkenende, omdat hy altyd yn de buert is fan de premier. In oare bynamme fan him is Jack it Lek, omdat hy as 'betroubere boarne' of 'ynwijde' geregeldwei kranten en tv-programma’s ynformaasje út de rûnten fan ynwijden om de premier hinne trochspylje soe.

Troch syn romme ûnderfing binnen it CDA en syn strategyske kennis fan de media waard De Vries yn 2005 beneamd ta kampanjelieder fan it CDA. Hy waard dêrmei ferantwurdlik foar de Nederlânske gemeenteriedsferkiezings 2006, de Twadde Keamerferkiezings 2006 en de Provinsjale Steateferkiezings 2007. De Vries wie oant maart 2006 gemeenteriedslid yn Leiderdorp. Hy boekte súkses troch Balkenende út in ûnmooglike posysje wei omheech te triuwen, syn kampanjeidee like wat op dy fan Ronald Reagan by syn werferkiezing ("Morning in America"). Nei de beëdiging fan it kabinet-Balkenende IV soarge De Vries foar de kommunikaasje om de "hûndert dagen -kampanje"hinne. Nei 1 oktober 2007 luts hy him werom út oerheidstsjinst, en gie oan it wurk by advysburo Boer & Croon.

Fuort dêrnei, op 7 desimber 2007, waard troch it regear meidield dat De Vries de nije steatssikretaris fan Definsje yn it kabinet-Balkenende IV wurde soe. Hy folge dêrmei Cees van der Knaap op, dy't op 21 jannawaris 2008 as boargemaster fan Ede ynstallearre is.[1] Op 18 desimber 2007 waard De Vries troch Keninginne Beatrix beëdige.[2]

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat:

  1. Jack de Vries nieuwe staatssecretaris Defensie, De Telegraaf, 7 des. 2007
  2. Staatssecretaris De Vries beëdigd Regering.nl 18-12-2007
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen