Jaap Wolthuizen

Ut Wikipedy
Fryske Puzelstipe
55 trochstreekpuzels

Jakob Wolthuizen (Aldegea, 14 jannewaris 1929 - Snits, 9 febrewaris 2017) wie in Nederlânske en Fryske puzelmakker út Snits.

Wolthuizen gie nei de legere skoalle yn Aldegea en krige syn Fryske les fan master Jan Piebenga, haad fan de herfoarme skoalle yn Aldegea. Yn de lêste twa oarlochsjierren joech dy him ek Frysk (ynstee fan Dútsk.) Fierders hat er himsels op it Frysk ta lein. Fanôf 1946 wie hy etaleur en yn lettere tiid fertsjintwurdiger. Nei in lange slimme syktme (1970 - 1973) gie er foar heale dagen administratyf oan 't wurk en is sa stadichoan mei it ûntwerpen fan puzels út ein set. Fanôf 1980 koe er syn wurk net mear dwaan en sette er mei it puzelmeitsjen útein, neist Fryske puzels kamen der ek de Hollânske op it aljemint.

Op in gearkomst moete hy De Boer fan Frysk & Frij. Nei oanlieding fan in ynstjoerd stik fan in lêzer fan Frysk & Frij dy't in puzel makke hie mei in soad famkesnammen deryn. Dy puzel is doe al gau yn Frysk & Frij opnomd. It wie de oanlieding foar it blêd om mei Fryske puzels út ein te setten. Yn 1975 ferskine fan him Nederlânske puzels yn ferskate blêden foar doarpen, ferienings en skoallen.

Sûnt 1980 wie Wolthuizen as 'Puzelfeint' fêste meiwurker oan it tydskrift Frysk en Frij. De namme Puzelfeint is ûntstien yn de tiid fan Frysk & Frij.[1] De puzelders koene de oplossing ynstjoere nei: Puzelfeint Oplossing. Der wiene yn dy tiid wol trijehûndert ynstjoerders.
Fan 1981 oant en mei maaie 1991 wie er meiwurker fan de Fryske Bernekrante' en sûnt 1992 fan it bernetydskrift 'De Holder' en it jongereintydskrift 'Sjedêrrrr!!!'.
Fan him ferskynden yn 1984 twa boekjes mei krúswurdpuzels en yn datselde jier ek 'Puzelstipe', in boekje mei 5.000 puzelwurden.
Fan 2005 ôf ferskynden syn Fryske deipuzels alle wiken yn de Ljouwerter Krante.

Puzelboekjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske Puzelstipe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk puzelboekje 1
Frysk puzelboekje 2

Fryske Puzelstipe is in boekje mei in samling fan listen mei puzelwurden dy’t yn 1984 ferskynde by de Afûk. De rubriken binne bedoeld om it Frysk puzeljen te stypjen. De nammen en wurden binne alfabetysk printe neffens it tal letters dat in wurd hat. Der binne bg. listen fan:

  • Amten en beroppen
  • Planten beammen en strûken
  • Bistenammen
  • Fûgelnammen
  • Plaknammen per gemeente
  • Ofkoartings

It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 1 en Frysk puzelboekje 2.

Frysk puzelboekje 1[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk puzelboekje 1 of Harsenskrabber 1 is in Frysk puzelboekje út 1984 dat ferskynde by de Afûk. De 48 siden binne fold mei in ferskaat oan puzels. Fan krúswurdriedlings, frisselriedsels, trepke-del-riedsels, spiraalriedsels en trochrinners en noch oare soarten. Efteryn it boekje stean de oplossings. It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk Puzelboekje 2 en Fryske Puzelstipe.

Frysk puzelboekje 2[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk puzelboekje 2, of Harsenskraber 2 is in Frysk puzelboekje út 1984 dat ferskynde by de Afûk. De 48 siden binne fold mei krúswurdpuzels mei efteryn de antwurden.

It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk Puzelboekje 1 en Fryske Puzelstipe.

55 Wurdsikers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

55 Wurdsikers is in útjefte fan 55 trochstreekpuzels fan Frysk & Frij yn ’e mande mei Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding (no Cedin).

Elk fan de 55 trochstreekpuzels, ek wol "'wurdsikers" neamd, hat meast it Frysk tema. Sa binne der puzels oer:

  • Keatstermen
  • Utbuorrens yn Fryslân
  • Skelnammen fan ynwenners fan doarpen
  • Jild, mjitten en wichten

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oer Jaap Wolthuizen, útjouwerij Frysk en Frij