Jaap Boersma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jaap Boersma

Jacob (Jaap) Boersma (Ljouwert, 2 desimber 1929 - Utert, 6 maart 2012 ) wie in Nederlânsk politikus en amtner.

De grifformearde Boersma wie in progressive antirevolúsjonêr en fakbûnsman dy't yn 1973 syn fraksjefoarsitter stie troch syn reewilligens om minister yn in progressyf Nederlânsk kabinet te wurden.

Boersma wie foardat er yn de polityk kaam ekonomysk adviseur fan it CNV en fan 1964 ôf Twadde Keamerlid foar de Anti Revolúsjonêre Partij. Hy wie as eksponint fan de fakbeweging fan 1971 oant 1973 minister fan Sosjale Saken yn de kabinetten Biesheuvel I en Biesheuvel II.

As minister yn it kabinet-Den Uyl keas er meast de kant fan de progressive bewâldslju. Hy wie net te benaud om krûdige útspraken te dwaan, sa as: de VVD is de partij fan de trije H's: helje, hawwe en hâlde.

Yn 1978 koe er it net mear fine yn de CDA-fraksje en stapte er oer nei it bedriuwslibben en waard letter lid fan de PvdA.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]