Jaap van der Meij

Ut Wikipedy
Jaap van der Meij
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacob van der Meij
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1 septimber 1923
berteplak Amsterdam
stoarn 1 juny 1999
stjerplak Tortellà (Spanje)
wurkpaad
wurksum as byldhouwer, keunstskilder
en monumintaal keunstner
offisjele webside
RKD-profyl

Jacob (Jaap) van der Meij (Amsterdam, 1 septimber 1923 – Tortellà (Olot), 1 juny 1999) wie in Nederlânsk byldhouwer, keunstskilder en monumintaal keunstner.[1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Meij waard berne yn Amsterdam út Amelanner âlden. Hy wie in soan fan keapfardijkaptein Jacob van der Meij en Sijtske Molenaar. Hy krige syn oplieding oan it Instituut Opleiding tot Tekenleraren en by perfester Heinrich Campendonk oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Dêrnei studearre er fierder oan it Gents Hoger Instituut Schone Kunsten. Van der Meij syn wurk is fral yn Noard-Nederlân te finen; it oeuvre bestiet ûnder oaren út reliëfs en plastiken fan beton, somtiids kombinearre mei glês of hout. Hy wie dosint oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.

Van der Meij wenne ûnder mear yn Amsterdam, Schoonhoven, Meppel en fan 1961 ôf yn Fryslân. Yn 1963 naam er de Adelstsjerke yn Ald-Beets as atelier yn gebrûk, letter hie er syn wurkpleats yn in skuorre yn Ketlik. Fan 1987 ôf oan wenne er yn Spanje, dêr't er yn de âldens fan 76 jier ferstoar. Hy waard beïerdige yn Hollum.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • reliëf Monument voor de mens (1965), Ljouwert
  • mozayk (1965) LOM-skoalle Fiducia, Groningen
  • waterdiertjes (1968) foar swimbad yn Bakkefean
  • sûnder titel (1968), De Jouwer
  • sûnder titel (1970) bij OSG Sevenwolden in It Hearrenfean
  • wetterskulptuer (1971), Wolvegea
  • De starter (1972), Ljouwert
  • Groeisymbool (1972), Grins
  • Koning van de wadden (1972), yn Delfsyl
  • Levende ent (1973), De Gerdyk
  • Aardschotel (1974), Oerterp
  • Heilige grond (1976), Bergum
  • sûnder titel (1976) by ferpleechhûs oan de Zonnelaan in Grins
  • Groeiplastiek (1977), Dokkum
  • Drie figuren (1979), Dokkum

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD