Ivan Gontsjarow

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Ivan Gontcharov

Ivan Aleksandrovitsj Gontsjarov (Russysk: Иван Александрович Гончаров, Gantsjaròf) (18 juny 1812 - 27 septimber 1891) wie in Russysk skriuwer en sensor. Hy waard berne yn Simbirsk as soan fan in nôtkeapman. Op syn tsiende waard Ivan nei in kostskoalle yn Moskou stjoerd. Letter studearre er letteren oan de universiteit yn Moskou. Gontsjarov waard amtner en makke stadichoan karriêre, earst yn Simbirsk en letter yn Sint-Petersburch. Hy is wrâldferneamd wurden mei syn roman Oblomov.

[bewurkje seksje] Wurk

  • In gewoan ferhaal, 1847.
  • It fregat 'Pallas', 1858. Oer syn reis om de wrâld tusken 1852 en 1854.
  • Obyknovennaja istorija, 1847. Nederlânske oersetting: Een alledaagse geschiedenis.
  • Oblomov's dream, 1849. Koart ferhaal, letter haadstik 9 yn de roman Oblomov.
  • Oblomov, 1859
  • Obryv, It ravyn, 1869. Nederlânske oersetting: Het ravijn. (Toergenjev dêroer: "Myn hier falt út fan ferfeling".)

[bewurkje seksje] Ynfloed

Gontsjarov hat in nij begryp oan it Russysk leksikon taheake: Oblomovisme, dat is in soart fan fatalistyske loaiens sa't de haadfiguer fan de roman sjen lit. Dy term is sels brûkt troch Lenin yn in taspraak yn 1922. Hy seit dan: 'Ruslân hat trije revolúsjes trochmakke, dochs binne der noch Oblomovs...en dy moatte wosken, himmele, hinne en wer skuort wurde en lange tiid mei de swype hawwe, foar't se by harren ferstân reitsje'.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings