Italjaansk Skiereilân

Ut Wikipedy
In satelytfoto fan it Italjaanske Skiereilân út 2003.

It Italjaansk Skiereilân (Italjaansk: Penisola italiana), it Apenynsk Skiereilân (Penisola appenninica) of de Lears fan Itaalje, is ien fan de grutste skiereilannen fan Jeropa. Neist it Ibearysk Skiereilân en it Balkan Skiereilân foarmet it ien fan de trije grutte skiereilannen fan Súd-Jeropa. It is neamd nei it lân dat it grutste part fan it skiereilân ynnimt: Itaalje.

Neist Itaalje lizze ek de enklaves San Marino en Fatikaanstêd op it skiereilân.

De foarm fan it skiereilân hat wol wat wei fan in lears, dat it wurdt ek wol de Lears fan Itaalje neamd, mei Kalaabrje as de punt en Apûlje as de hakke.

It skiereilân wurdt omklamme troch in stik as wat seeën dy’t allegear part binne fan de grutte Middellânske See. Yn it noardeasten leit de Adriatyske See, súdeast leit de Ionyske See en yn it súdwesten leit de Tyrreenske See. De Poflakte foarmet de noardlike begrinzing. Yn de midden leit it Apeninen berchtme.

Op it Italjaanske Skiereilân lizze de regio’s Toskane, Marche, Latium, Umbrje, Abruzzen, Molise, Kampaanje, Basilikata, Apûlje en Kalaabrje. It hat in oerflak fan likernôch 130.000 km² (43% fan it oerflak fan Itaalje) en hat likernôch 25 miljoen ynwenners (sa’n 42% fan de Italjaanske ynwenners). It skiereilân hat in lingte fan sa’n 1.000 kilometer fan de Poflakte yn it noarden nei de Middellânske See yn it suden. It klimaat op it skiereilân is it Mediterane klimaat, heger yn de bergen is it in stik kâlder.