It moarch fan it Evangeelje

Ut Wikipedy

It moarch fan it Evangeelje (Ingelsk: Marrow of moderne divinity) is in boek dat skreaun waard troch in E.F., dêr't nei alle gedachten Edward Fisher mei bedoeld wurdt. It boek hat in wichtige rol spile yn benammen de Skotske tsjerkeskiednis.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It teologyske boek giet oer de relaasje/gearhing fan Wet en Evangeelje. It is in gearspraak tusken fjouwer persoanen, dy't ferskillende fyzjes hjiroer oanjouwe, nammentlik: Evangelista, in learaar fan it Evangeelje; Nomista, in wettysk minske; Antinomista, in wetsbestrider en Neophytus, in jonge Kristen.

Utjeften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste útjefte wie yn 1645 yn Oksfurd mei as titel: "Marrow of moderne divinity". Dy earste útjefte befette in oanbefeljend wurd fan Joseph Caryl. It boek waard yn 1718 troch Thomas Hog op 'e nij útjûn, mei in foarupwurd fan Hog, dêr't er tige kritysk yn wie oer de Tsjerke fan Skotlân. It boek waard yn 1720 as kettersk oanmerkt, mar hjirút ûntstie spjalt yn 'e tsjerke wat einlings yn 1733 late ta de Ofskiedingstsjerke. Thomas Boston joech yn 1726 in nij ferzje út, dêr't er sels in foaropwurd by skreau en dêr't er taljochtings byskreau dy't de boadskip fan it boek ferdigenen. Syn ferzje waard net feroardiele.

Yn 1757 is fan it boek in Hollânske oersetting fan ds. Alexander Comrie útjûn.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • [1] Ingelske útjefte