It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter

Ut Wikipedy
It Testamint fan in
Fermoarde Joadske Dichter
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Testament d'un
   Poète Juif Assassiné
auteur Elie Wiesel
taal Frânsk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer
1e publikaasje 1980, Parys
oarspr. útjwr. Éditions du Seuil
kodearring
ISBN 2 02 00 54 574
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Testamint fan in
   Fermoarde Joadske Dichter
publikaasje [net útjûn]
oersetter Jacobus Knol

It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter, yn it oarspronklike Frânsk: Le Testament d'un Poète Juif Assassiné, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It boek beljochtet it lot fan 'e Joadsk-Russyske yntelligintsia ûnder it skrikbewâld fan Stalin. Le Testament d'un Poète Juif Assassiné waard foar it earst útjûn yn 1980; yn 2007 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter draait om it histoaryske feit dat op 12 augustus 1952 alle grutte Joadske skriuwers fan Ruslân temûk eksekutearre waarden op befel fan Sovjet-lieder Jozef Stalin. Yn it boek treft dat lot ek de (fiksjonele) dichter Paltiel Kossover, dy't al fan syn jongesjierren yn it tsaristyske Ruslân ôf in oertsjûge kommunist is. Mar as er weromkeart nei de Sovjet-Uny, ûntdekt er dat de Kommunistyske Partij syn grutste fijân wurden is. Oars as syn histoaryske dielgenoaten wurdt it him tastien en skreau in testamint. Jierren letter wurdt dat dokumint lêzen troch Paltiel syn soan Grisha, foar wa't it in ljocht skynt op 'e beskade parten fan syn eigen ferline. Troch Paltiel syn wurden en Grisha syn dieden lit Wiesel op 'e nij guon fan 'e meast dramatyske barrens fan 'e tweintichste iuw de revu passearje.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 is Le Testament d'un Poète Juif Assassiné troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiesel, Elie, It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2007, (net útjûn).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Références, op dizze side.