Het Noorderlicht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan It Noarderljocht)

Het Noorderlicht wie in yllegale kommunistyske krante dy’t stinsele waard yn in oplage fan 100-300 eksimplaren en in pear kear yn de oarlochsjierren 1940-1941 ferspraat waard yn Noard-Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûntstean fan Het Noorderlicht is rjochtstreeks ferbûn mei it beslút fan de Dútske besetters de Kommunistyske Partij fan Nederlân (CPN) en har krante Volksdagblad te ferbieden. As yllegale opfolger fan dy krante ferskynde yn novimber 1940 De Waarheid. Fan dy krante ferskynden tagelyk regionale edysjes, lykas De Vonk, Tribune, Het Kompas en Het Noorderlicht. Dy lêste ferskynde benammen yn Grinslân en Fryslân en waard út Grins wei opset troch Jan Herder dy’t troch de CPN oanwiisd wie as ynstrukteur by it opbouwen fan in yllegale organisaasje yn it noarden fan Nederlân.

Haadartikels waarden yn Amsterdam skreaun ûnder ferantwurdlikens fan de sintrale lieding fan de CPN en mei koeriers en koeriersters troch it hiele lân ferspraat, wêr’t de tekst dêr op stinsel set waard en ferspraat. Fan de wederwaricheden fan Het Noorderlicht yn Fryslân is it folgjende bekend:
Foar de fersprieding fan Het Noorderlicht yn Fryslân waarden trije groepen foarme. De earste bestie út Martin Beuving, boufakker en gemeenteriedslid yn Ljouwert foar de CPN; Jan Weistra, 25 jier, CPN-er en leadjitter út Ljouwert; Dirk Faber, 41 jaar, kristlik en timmerman út Ljouwert, Fedde de Groot út Ljouwert, 20 jier en lid fan de Nederlânske Jeugdfederaasje; Corrie van der Meulen út Ljouwert, 20 jier en lid fan de Nederlânske Jeugdfederaasje; Eds van der Heide, 32 jaar, monteur út Ljouwert, partijleas, en syn frou Klaaske, lid fan de CPN.

In twadde ferspriedingsgroep bestie út Jacob de Wacht, 42 jaar, boufakker en CPN-er út Ljouwert; Foppe Schipof, 42 jaar, frijbûtser en negoasjeferkeaper út Ljouwert; Harry Tulp, 32 jier, lid fan de CPN en fertsjintwurdiger; Jacob de Rook, 51 jier, fiskrikker út De Lemmer en lid fan de CPN.

Ta de tredde groep, de saneamde Houtigehagegroep, hearden Frans Dalstra út Surhústerfean, 39 jier, transportarbeider en lid fan de CPN; Piet Keverkamp, 33 jier, kapper yn De Houtigehage, roomsk (dy’t by syn arrestaasje yn 1941 tsjin syn frou sei: "Nee ik hoech myn jas net oan, ik bin sa wer werom."; Siebe Bos, 32 jier, fuorman en lid fan de CPN. Doe’t de Noorderlicht-groep yn Grins yn febrewaris 1941 oprôle waard, waard Het Noorderlicht op 5 maart 1941 foar de earste en lêste kear yn Ljouwert makke yn de Insulindestrjitte by Eds en Klaaske van der Heide en fan dêrút ferspraat. Koart dêrnei waarden hast alle meiwurkers arrestearre.

Yn Grins waarden ûngefear 55 minsken fan de Noorderlichtgroepen arrestearre en nei konsintraasjekampen brocht. Mar in lyts part dêrfan hat it der libben ôfbrocht.

Dat lot trof ek de measten dy’t meiwurken oan Het Noorderlicht yn Fryslân:

  • Eds van der Heide ûntkaam op 4 septimber 944 út it Noard-Brabânske kamp Haaren.
  • Jan Herder waard yn febrewaris 1944 arrestearre en nei it kamp Amersfoart brocht wêr’t hy op Mâle Tiisdei (5 septimber 1944) frij kaam.
  • Piet Keverkamp kaam om yn 1945 yn it konsintraasjekamp Mauthausen.
  • Jacob de Rook kaam om yn 1942 yn it konsintraasjekamp Buchenwald.
  • Foppe Schiphof kaam om yn 1945 yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen.
  • Harry Tulp kaam om yn 1942 yn it konsintraasjekamp Buchenwald.
  • Jacob de Wacht kaam yn 1942 om yn it konsintraasjekamp Neuengamme.
  • Jan Weistra waard yn 1945 mei in knoeide sûnens befrijd út konsintraasjekamp Buchenwald.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Pieter van den Berg, Het Noorderlicht, in lytse skiednis fan in yllegaal kommunistysk bled in Fryslân yn de oarlochsjierren 1940-1941. Ljouwert, 1982.
  • Hoe’t Grins stried. Provinsjaal tinkboek fan it ferset 1940-1945. Grins, 1949.
  • De Wierheid, edysje Fryslân, 27 augustus 1945).
  • P. Popma en K. Zondag., Ferhalen oer Lemsterlân yn de Twadde Wrâldkriich. Gemeente Lemsterlân, 1995.
  • Hans van den Heuvel en Gerard Mulder, It Frije Wurd, de yllegale parse yn Nederlân 1940-1945. Den Haach, 1990.