It ûntstean fan de namme 'De Tynje'

Ut Wikipedy

Fan âlds wie der ien tynje, in lange wetterstream: de Lúkster tynje by wat no De Tynje hjit

It is wis dat in tynje gewoan in ding wie, yn dit gefal in wiet ding. It Fryske 'tynje' stie foar omgrinzing, ôffreding, omwâlling, hage, skieding. Yn it âld-Hollânsk wie it tuin ("om de tuin leiden" en "De tuin der Nederlanden", it ferneamde boek fan Fruin oer de festingwurken fan Maurits en Freark Hindrik). Yn it Ingelsk hiet soks 'town', yn it Dútsk 'Zaun' en yn it Frysk 'tynje'.
Yn Fryslân wie in tynje meast in wetterskieding of natoerlike ôffreding tusken in bewenne wrâld en de rûgere oare kant fan de stream. Der wienen en binne wol mear tynjes yn Fryslân, by Ljouwert en Grou bygelyks. Mar dizze iene aparte tynje, dy't om mear as de helte fan de Lúkswâldster gerjochtichheid hinne rûn, hjitte fansels de Lúkster tynje. Dêr wie mar ien fan.

It boerefolk fan Lúkswâld en de Lúksterhoarne of -hoek hie dus syn eigen tynje. Dy Lúkster tynje wie de kringelige lange wetterstream dy't eartiids al in ein foar de Lúksterhoek begûn (de Hegedyk is dêr no noch tige bochterich), dy't dêr mei in lange bôge earst nei it noardwesten op de Aldewei tasette, en dy't dan werom bûgde nei it easten. Op it lêst kaam de Lúkster tynje út by de Wide Wispel en it Mouwedjip.

Dy lange tynje wie net samar in wetterke. De grutte lange bôge foarme de grins tusken Lúkswâld en Gersleat en dus ek tusken de gritenijen Opsterlân en Anjewier. De hjoeddeiske Tynjewei tusken Gersleat en De Tynje hjit net sa omdat er nei de Tynje tagiet. Nee, dy wei folget rûchwei, wat oan de rejale kant, de rin fan de âlde Lúkster tynje. De lêste 800 meter fan de Lúkster tynje, foardat er yn de Wispel en it Moedjip útkaam, lei doe ek al yn Opsterlân en foarme de wetterskieding tusken Lúkswâld en Terwispel (sa't it dêr doe noch hiet).

De iene tynjeset fan Lúkswâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om by de mieddens besiden de Boarn te kommen rieden de boeren fan Lúkswâld mei harren weinen en ark oer de heawei dy kant op. Dan kamen se healwei by it lêste, wier net it smelste ein fan harren tynje. Dêr wie net troch hinne te wâldzjen. Dêrom smieten se nei de wintertiid de tynje healticht mei takkebosken (riishout en prikken sa't oan de Wâldwei) en dêr leinen se beamstammen en balken oerhinne. Sa belânen se op de Breewei oer harren eigenmakke 'tichtset'. Dizze set yn harren eigen tynje neamden se fansels de tynjeset. Dêr wie ek mar ien fan. Fierderop, dêr't de hegere Riperwâldwei oergong yn it legere paad nei de Mouwe, de Mouwehimsterheawei, wie ek sa'n set mar lytser. Dy hoegde gjin namme.

Twa tynjes en twa setten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letter dolden de Van Dekama's it lêste ein fan de Lúkster tynje djipper en rjochter út, fan de Wispel ôf dwers 'door de Tinieset' en sa ûntstie in smelle feart, in rek: it Tynjerek. In meter as 500 de set foarby folgen se fansels net de rin fan de Lúkster tynje. Se slatten in nij stik feart as dwersferbining fan it Tynjerek nei it Langerek (Dat rek waard doe ek útdold en rjochtlutsen. Earder wie it in lange stream yn de delte tusken de Riperheawei en de Wynjewarrewei, dy't as sydrivier op de Easterboarn tarûn).

Dat nije tuskenrek, de Wynjetynje of it Wynjerek, letter it Skitersrek moast dwers troch de wei nei de warren, dy't dêre Wynjewei hjitte. Dat doe moast dêre, doe pas fansels, ek in set yn. Dat waard de Wynjeset, want yn dy omkriten wie alles fan de famylje Wynje.

Wa't deftich of geleard dwaan woe, sei Winia. Der wienen sels guonnen dy't mienden dat tynje dan wol Tinia wêze soe. It wie ek wol apart dat tynje tafallich rime op Wynje. En dus wie it al gau Tynjeset en Wynjeset, njonkelytsen beide mei in haadletter. En sa feroare de tynje ûngemurken yn de Tynje.

Twa Tynjes, in grutte en in lytse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Heeren Compagnons mei in soad jild namen de saak oer fan de Dekema's en doe waard echt wurk makke fan de lange Hearrefeart mei syn trije rekken en twa setten. De rekken koenen doe wier befearn wurde troch turfskûten, sa't it doel fansels west hie. En de setten moasten safolle mooglik iepen bliuwe. Gjin tichtsetten mear, mar nijmoaderige houten bouwurken: oan wjerskanten in lânhaad en dêr losse balken oerhinne.

Sa ûntstie in smelte yn de feart, dêr't skippers net te hurd op tasile mochten. Alhiel net as de balkbrêge troch de boeren brûkt waard. De hearen pommeranten makken sels in reglemint, mei boetebepalings en al. Om op it tapassen dêrfan ta te sjen waard by de Tynjeset in 'tynjeman', Roelof Johannes(soan) te wenjen set, in Lúkswâldster.

By de Wynjeset hie dat net folle doel want dy lei suver yn de bocht tusken it Skitersrek en it Langerek. Dan wol in skipper mei net te folle op út himsels wol ynhâlde. Mei in stûfe súdwester op 'e kont koe in skûte op it Skitersrek wol útein komme [1].

It sprekt himsels dat der nei Roel fan Jehannes mear minsken te wenjen kamen op de krusings fan farwetters en heawegen. Yn de 200 jier tusken 1650 en 1850 ûntstienen dêr twa buorskipkes. Dy groeiden o sa stadich en krigen langeroan in namme. Jo soenen ferwachtsje: Tynje(set) en Wynje(set). Mar nee, it boerefolk joech de buertsjes deselde namme as it wetter dêr't se tsjinoan leinen: de Lúkstertynje en de Wynjetynje. En dat is al dy tiid oant 1850 ta sa bleaun. Dat it âldste buorskipke ek it grutste wie, is eins gjin wûnder want tynjeman Roelof hie foar de ynnimmers fuort al in sûphûske, in skipperslokaal mei ferlof fan de Hearen. Op 'en doer waard dat buertsje de Grutte Tynje neamd en it oare de Lytse Tynje. En op beide plakken kaam, pas nei 1850 in flapbrêge op it stee fan de set, de balkbrêge.

De twa Tynjes wurde ien: De Tynje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It moat oant 1800 ta foar natoerminsken in paradys west hawwe, yn dy grutte wide fjilden dêr't hast gjin minske wenne, mar doe sloech de feanterij ta. Benammen mei de Giterske metoade waard elke meter grûn sa djip útbaggele dat der in hel oan ferskuorde, ferropte, ferdolde en fersûpte ûnwrâld oerbleau. Sels de kening stjoerde der ien op ôf omdat it sa net langer koe mei it lijen om dy ûnbidige wetterplassen hinne.

Mei de ynpoldering en de drûchmakkerij kaam der om 1850 hinne in ein oan de slimste ellinde. De lannen en de wetters krigen in oare bestimming. Mar sa'n paradys as it fan âlds west hie, soe it nea wer wurde. Hielendal net doe't nei 1950 de ruilferkaveling en de oanlis fan de A7 der ek nochris oer hinne strûpten.

De Grutte en de Lytse Tynje binne sûnt 1950 oaninoar breide troch de neioarlochske nijbou. No is der op 'en nij mar ien inkelde Tynje mear: De Tynje. Gjin wetterstream mear mei dy namme, mar in doarp mei in rike skiednis fan iuwen. Dat leit no, yn 2010 offisjeel al hûndert jier jong, te brûzjen oan de rûge oerside fan de oarspronklike Lúkster tynje.

Wa't hjoed-de-dei op en om De Tynje noch wiete fuotten helje wol, moat hiel wat ûndernimme. Freegje dat mar oan de hurdsilers op ' 't Swarte Wief ' [2].

De skiednis fan De Tynje sil wol altyd in puzel bliuwe dêr't in soad stikjes fan weirekke binne. Wy hawwe net folle mear oer as wat losse eintsjes. Ut en troch komt der by bytsjes foar it ljocht dat der wolris oer de tynje(s) en De Tynje(s) skreaun is, en dat se op 'e kaart set binne. [3]

Neiskrift en taljochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de âldste betsjutting fan it wurd 'tynje' sjoch Tynje_(ryshout)

In koart neiskrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in fraachpetear mei de LC, de Ljouwerter Krante wie begjin 2010 noch it sizzen dat in tynje in fersmelling wêze soe. No, nee dus, dat wie in set. De Lúkster tynje, letter foar in part it Tynjerek, wie it wetter dêr't de set yn lei. It is wol sa dat 'Luxter tynje' yn 'e rin fan de iuwen in twadde betsjutting krige. Op 'en doer setten har in pear hûshâldings by de tynjeset te wenjen. Dat wienen oars ± 1835 noch mar 10 minsken yn trije wenten (Van der Aa/Eekhoff). Mar dat gehuchtsje by de tynjeset waard doe ek Luxtertynje neamd. Sa gie ûngemurken de namme fan it wetter oer op dy fan it oanlizzende buorskipke, de ('grutte') Tynje. Mei (Âlde)Boarn en Drachten is dat ea lyksa gien.

Taljochting mei sitaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A.J. van de Aa, de auteur fan it 13-dielige Aardrijkskundige Woordenboek der Nederlanden, brûkte Wopke Eekhoff ('archivarius der stad Leeuwarden') as korrespondint yn Fryslân. Dêr is ek de Eekhoff-kaart út fuortkaam. Dy mannen skreauwen yn it Hollânsk en dus ek mei in sels betochte 'hollânske' stavering fan Fryske nammen:

'Luxtertienje (De), water, ..., met eene oostelijke richting, van de Lange-Rek naar de Wijde-Wispel loopende'

'Luxtertienje, geh., ... met 3 h. en 10 inw.' (geh.=gehucht)

'Uilesprong (De), water ... een gedeelte van de vaart uitmakende (de Wijde-)Wispel, meertje ... dat ten N.W. door de Lukster-Tinje met het Lange-Rek, ten N. met het Moediep ... in verbinding staat'

Wat earst opfalt is dat de 'tynje', lykas de 'ulesprong' fan âlds in wetter wie. En dan de ferskate staverings: 'tienje' en 'tinje', wylst Eekhoff op syn kaart (Luxter-)'tynje' skriuwt. Mar net ien kear dy ûnmooglike sabeare ferhollânsking mei een 'lange' ij ynstee fan in y [4]. Lytse mantsjes fan dat taalnivo by de gemeente en it gerjocht, Hollânske skoalmasters net minder, hienen der hûndert jier lyn gauris in hantsje fan en lit it domme folk merke hoe't sy de puntsjes op de y krigen en holden, kompleet mei it bryk útsprekken fan de skeinde nammen. En gjin Fries dy't him opponearre, want it gewoane folk koe doe net iens goed lêze en skriuwe, en alhiel net yn it Frysk. [5]

In jier as 25 nei Van der Aa stelde Joast Halbertsma [6], faaks ek mei help van syn freon Eekhoff, in lange list mei Fryske nammen op. Yn it Latyn, mar syn soan Tsjalling en mannen as Waling Dykstra en Johan Winkler hawwe alles bewurke ta in Hollânske útjefte yn 1898. Yn dy 'Friesche Naamlijst' fine wy:

'De Tynje (ook wel It Tynjerek genoemd), stroom in Opsterland onder Ter-Wispel; met de gehuchten Lúkster-Tynje en Winia-Tynje of Wynje-Tynje, op de grens van Upsterland en Eangwirden, die hunne naam ontlenen aan de stroom waaraan zij gelegen zijn'

Al wer yn de fierste fierte gjin lange ij te bekennen, wis net mei dy nuvere, diftongearre, poer Hollânske dûbeldklank! Winkler hie him al earder, yn 'De Vrije Fries' fan desimber 1976 drok makke oer it skriuwen fan Tiinje as Tynje, want dit waard dan 'in Holland nog meer verbasterd (…), namelijk als Tijnje of Teinje!!'. Oan de twa útroptekens is te sjen hoe’t de man der fan griist. [7]

Ek dizze ferneamde wittenskippers tinke by 'tynje' fuortendaliks oan de wetterstream en it rek dat dêr ± 1650 yn útslat is. Dy namme is yn 'e rin fan wol twa hûndert jier earst oergien op de beide 'tynjesetten' (de Lúkster- en de Wynjeset) en doe nochris op de gehuchten om dy beide setten hinne (de Lúkster- en de Wynje-Tynje). Noch letter groeiden dy út ta twa buorskippen mei dyselde namme: de Grutte en de Lytse Tynje.

It folk fan De Tynje (ek de finen)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it iere begjin fan 2010, it jier dat De Tynje syn earste iuwfeest De Tynje 100 fiere soe, stie der in fraachpetear yn de Ljouwerter Krante (LC). Dêr waard yn sein dat it doarp slim read en soasjalistysk wie. Dat doocht net hielendal. Liberalen wennen der yndie mar in pear fan, mar Yr J. van der Leij wie in wichtich man yn de mienskip en jierrenlang VVD-wethâlder fan Opsterlân.

Ek wennen der bytiden fier oer de 300 'finen' op De Tynje. Dat wienen fan it earste begjin ôf tige aktive grifformearde anti-revolúsjonêre 'sielen'. Al yn 1866 hienen dy harren earste tsjerkje [8]. Dat folk hie yn de omkriten de namme dat it sa moai sjonge koe. En sûnt 1905 ek noch muzyk meitsje, mei it harmonykorps De Bazuin.

Yn 1910, itselde jier dat De Tynje fierder gie as selsstannich doarp, koenen de 'kleyne luyden' (lytse boeren, winkellju en arbeiders) fan de Grifformearde tsjerke der einlings, mei stipe fan de klassis, in eigen dûmny op nei hâlde. Mei harren byinoar gearre healtsjes, sinten, botsens, stuorkes, dûbeltsjes, kwartsjes, in inkelde gûne en in seldsume ryksdaalder setten sy yn 1921 in nij en bysûnder tsjerkgebou del oan it begjin fan de Rôlbrêgedyk. No is it betonnen gebou sels in beskerme monumint.

Harren 'School met den Bijbel' wie hast like grut as dy 'fan de oare kant' (Dy fan de Ulesprong net meiteld). De nije kristlike skoalle sette op 28 juny 1912 oan de Riperwei (de klokmakkerij hûzet dêr no) fan 'e mient mei 82 learlingen, twa masters en in juffer.

Dat Domela yn 1888 yn de Twadde Keamer komme koe, wie ek alhiel te tankjen oan de meiwurking fan de 'finen'. Yn it kardistrikt Skoatterlân (dêr't Terwispel mei De Tynje ûnder foel) stimde it folk fan de ARP yn de twadde rûnte massaal op de SDB fan Domela. Dat dienen se op oanrieden fan De Standaard, harren lanlike deiblêd ûnder lieding fan Abraham Kuyper. [9]

Boppedat, dy 'finen' mei harren djip woartele oertsjûging spilen foar en yn de oarloch ek net min by. Al yn 1936 waard fan de kânsel ôf it boadskip fan de grifformearde synoade trochjûn: NSB-ers dy't net omlyk wolle, sille nei in pear warskôgings fuortendalik harren rjochten ferspylje dy't sy no noch hawwe as lid fan in grifformearde tsjerke. Yn it ferset tsjin de Dútser besetters arbeiden de 'finen' en de 'grauwen' in soad lykop, ek op De Tynje. En dat die fertuten, net te min.

Nei de oarloch stiften dy lju meiinoar op De Tynje in unyk petearsintrum dêr't alle Tynjesters dy't dêr nocht oan hienen, oan meidwaan koenen. Yn 1952 kaam bygelyks "Het Amsterdams Volkstoneel" in jûn of wat te spyljen yn de seal fan Mindert en Klaasje de Vries (no Jan Overwyk). It stik gie oer de kriich, sa't wite en swarte Amerikanen dy tegearre striden hienen yn de Pacific. In wike letter kaam in ferskaat oan Tynjesters gear yn it kafee en dy praatten dêr mei ynmoed en oertsjûging oer oarloch en frede, oer pasifisme en rassediskriminaasje. Wol apart, wis foar dy tiid. De kranten skreauwen der oer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten fan de skriuwer

  1. Dat soe ek de nije namme fan it rek ferklearje kinne
  2. Dy namme klinkt oars slim Gitersk. Mei de namme 'It Swarte Wiif' hie dy keine, geve Fryske jongfaam grif folle hurder út ein wold
  3. Fierder moat mar sa gau mooglik opdjippe wurde wat (no noch) yn de hollen fan in stikmannich minsken opslein sit.
  4. Frysk bernegrapke: een aap op de fijts, hoe vind je zoijts
  5. It wurdt no wol tiid en kom ris fan dy rare meneuvels ôf. It doarp hjit De Tynje en neat oars. Wynjewâld lyksa.
  6. 'Joast sil it wol witte', sa geleard wie dy man
  7. Hy hie gelyk: Tijnje en Wijnjewoude, it is en bliuwt grouwélich dom en selsfoldien flokken yn 'e Fryske tsjerke, sûnder ien inkeld doel of eat fan in reedlike ferklearring.
  8. by Hindrik Bok (no Wagenaar?) efter de winkel, ûnder itselde dak
  9. De lju dy't sa beare kinne oer Gerrit Roorda en syn fjoerreade maten, soenen soks der foar it fatsoen wolris by fertelle kinne.