Isaiah Berlin
Isaiah Berlin, Letsk: Jesaja Berlins, (Riga, Letlân, 6 juny 1909 — Oxford, 5 novimber 1997) wie in Britsk liberaal filosoof.
Berlin jildt as ien fan de wichtichste politike filosofen fan de 20e ieu. By syn oraasje by oannimmen fan it heechlearaarskip oan de Universiteit fan Oxford, yn 1957, yntrodusearre hy it konsept fan 'negative' en 'positive' frijheid - publisearre yn boekfoarm as Two Concepts of Liberty.
Berlin waard berne yn in Joadske famylje. Syn heit, Mendel Berlin, wie in houthanneler. Syn jeugd brocht hy earst yn Riga troch, dêrnei yn Petrograd (it hjoedddeiske Sint-Petersburch), dêr't hy as bern tsjûge wie fan de Revolúsje fan 1917. De famylje Berlin flechte nei it Feriene Keninkryk yn 1921. Berlin studearre oan Corpus Christi, ien fan de kolleezjes fan de Universiteit fan Oxford, dêr't hy - mei útsûndering fan in perioade (1940-46) doe't er foar de Britse bûtenlânske tsjinst wurke- altyd wurkje en lesjaan soe. Yn 1956 troude hy mei Aline Halban. Hy wie goed befreone mei in oare filosoof, Alfred Ayer.
Isaiah Berlin ferstoar op 88-jierige leeftyd.