Isabelle Eberhardt

Ut Wikipedy
Isabelle Eberhardt
Isabelle Eberhardt om 1900

Isabelle Eberhardt (Genêve, 17 febrewaris 1877Aïn Sefra, Algerije, 21 oktober 1904) wie in Switsersk/Russysk ûntdekkingsreizgster en skriuwster dy't yn Noard-Afrika wenne en reizge.

Foar dy tiid wie Isabelle Eberhardt in tige ûnôfhinklike frou, dy't de kovinsjonele Jeropeeske moraal ôfwiisde en har eigen gong gie en har boppedat, út oertsjûging, bekearde ta de islam. Isabelle wie goed oplaat en learde floeiend Arabysk sprekken en in stikmannich oare talen. Mei jonge jierren klaaide hja har al as in man fanwegen de gruttere frijheid dy't hja dan hie yn de maatskiplike omgong.

Under de skûlnamme 'Si Mahmoud' en ferklaaid as in man, swalke hja op it hynder troch de woastyn en besocht se sels islamityske hillige plakken. Har reizen betelle se mei it skriuwen foar Jeropeeske kranten.

De libbensstyl fan Eberhardt - sy smookte hasjysj, dronk as in keardel en wie seksueel frijfjochte - joech yn dy tiid de noadige opskuor.

Eberhardt stoar mei 27 jier, doe't har hutsje yn de woastyn meiskuord waard troch in modderstream. Har deiboeken binne nei de oerstreaming werom fûn en ek yn it Nederlânsk oerset.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sud Oranais, 1905, J. Losfeld, Parys, 2003
  • Notes de route, 1908
  • Pages d'Islam, 1908
  • Trimardeur, 1911
  • Dans l'ombre chaude de l'Islam, 1921
  • Mes Journaliers, 1923
  • Amara le forçat, l'Anarchiste, 1923
  • Au Pays des sables (1e edysle mei de titel Contes et paysage, 1925), J. Losfeld, Parys, 2002

Nederlânske útjeften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Isabelle Eberhardt, een vrouw door de woestijn ISBN 9041705716
  • Isabelle Eberhardt. Brieven, dagboeken en verhalen samle en ynlaat fan Eglal Errera. ISBN 9067661503