Isaäc da Costa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Isaäc da Costa yn in print fan P. W. M. Trap (1821–1905)

Isaäc da Costa (Amsterdam, 14 jannewaris 1798 – Amsterdam, 28 april 1860) wie in Amsterdamske dichter en histoarikus. Da Costa kaam út in begoedige Joadske bankiersfamylje. Yn 1821 troude hy mei Hanna Belmonte.

Earst belide er it ortodoks joadendom mar letter is er ortodoks kristen wurden. Hy foarme letter mei in groepke It Réveil, dat de maatskippij werom bringe woe ûnder de hearskippij fan Jezus Kristus. Syn bekendste wurk is de brosjuere 'Bezwaren tegen den geest der Eeuw' (1823); dat joech in soad opskuor.

'Da Costiaan' wie yn syn tiid in skelwurd; syn krityk op de libertynske tiidgeast waard as Obskurantisme sjoen en dat kaam him op tsjinwar te stean yn rûnten dy't de de Ferljochting stipen.

Hy debutearre yn 1812 mei it gedicht 'Lof der dichtkunst'. Hy hat ek wurk fan Aischylos oerset. Syn samle poëzij waard útjûn troch dûmny-dichter J. P. Hasebroek mei as titel Komplete dichtwerken van Is. da Costa (3 dln. 1861-1863).

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]