Ipebeam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ulmus hollandica
Rûge yp, blêd en sied
'Herbie', de grutste en âldste yp fan Maine, Feriene Steaten (2008)

Ipebeam, Iperenbeam of Yp (Ulmus) (Nederlânsk: 'Iep' of 'olm') is in skaai fan leafbeammen. De blêden binne fearnervich en hawwe in skerptakkige blêdrâne. Se lykje wol wat op de blêden fan de haachbûk (Carpinus betulus), mar hawwe in mear skeve, ûngelikense blêdfoet. De blommen ferskine earder as de blêden. It blomtek is lyts, grien en oan de slippen binne se mei inoar fergroeid. Dêrboppe steane de moalstêfkes mei pearse helmhokken en de stamper. De sieden binne ôfplatte en hawwe in brede wjuk as râne rûnom.

Ipen groeie it leafst op frijwat fiedselrike, focht fêsthâldende, kalkige grûn.

Yn Nederlân is meast de Hollânske Yp set yn de kustprovinsjes, om't er goed oer de hurde, sâltige seewyn kin.

Op de bast fan iperenbeammen kin in grut ferskaat oan koarstmoassen foarkomme.


Ypsykte[bewurkje seksje | edit source]

De iep is gefoelich foar de ypsykte. Dizze ferwylgingssykte wurdt feroarsake troch de skimmel Ophiostoma ulmi. De ypsykte wurdt oerbrocht troch de ipespintkrobbe, dy't de skimmel by him hat. De skimmel groeit yn de houtfetten fan ipen, sadat dy ferstopd reitsje. De blêden wurde wilich en de beam giet dea. Fan it tige grutte ipebestân yn Nederlân fan begjin 20e ieu is tusken 1919 en 2000 grif njoggentich prosint troch de ypsykte ferdwûn, sadat it lânskip in grutte feroaring ûndergien hat. De ferkeap fan Ipesoarten yn Nederlân is fan mear as 56.000 yn 1989 tebekrûn nei mar 6.800 yn 2004,[1] Sûnt 1928 is men ûnûnderbrutsen oant 1992 dwaande west mei it kweken fan resistinte farianten.[2] Fergelykbere kweekprogrammas wiene der yn Noard Amerika (1937), Itaalje (1978) en Spanje (1990s).

Tapassings[bewurkje seksje | edit source]

Iperenhout waard tige wurdearre om syn fezelstruktuer dy't net sa maklik tespjaltet. It frijwat djoere hout waard brûkt foar tsjellen, stoelsittings, klompen en deakisten. De tichtens fan it hout ferskilt tusken de soarten, mar sit trochstrings om de 560kg de m³[3]. At it hout wiet bliuwt sil it net gau ferrotsje. Yn de midsieuwen waarden holle stammen dêrom wol brûkt as wetterbuis. De wjerstân tsjin ferrotsjen is it mei dien by grûnkontakt.[4].

Ipeblêd hat in lange skiednis as feefoer. Yn de grutte hûngersneed fan 1812 yn Noarwegen hat de seane bast fan de Yp in soad minsken fan de hûngerdea rêden. It ipesied is ek streksum, it befettet sa'n 45% aaiwyt en < 7% rizel. [5]

Fan de 18e ieu oant begjin 20e ieu waard de ipebeam oeral yn Jeropa Noard Amearika foar de sier oanplante. Sy waarden bylâns diken, wat in soarte fan tunneleffekt joech, en om pleatsen set, yn stêden en doarpen. Yn Fryslân bestie de beambeplanting op de klaai- en feankrite meast út ipebeammen. De âlde rykswegen dêre (b.g. de Grinzer Strjitwei) wienen der mei beplante. Oare skaaimerken fan de yp binne dat se goed oer loftfersmoarging kinne en dat it ôffallen blêd hurd wei wurdt.

Soarten[bewurkje seksje | edit source]

Ta de ipen hearre ûnder oaren de folgjende soarten:

  • Fladderyp of stâleyp (Ulmus laevis), blomkes hawwe in lange stâle, ûnderkant fan blêden hat krollich hier, hout fan mindere kwaliteit.
  • Glêde yp of fjildyp (Ulmus minor of Ulmus carpinifolia); jonge tûken binne glêd, boppekant blêden ek glêd, ynsnien wjuk om sied; útrinners fan de woartels hawwe typyske koarkwjukken; yn Nederlân selsum.
    • Monumintale Fjildyp of Wheatleys iep (Ulmus carpinifolia 'Sarniensis' of Ulmus carpinifolia 'Monumentalis')
  • Rûge yp of berchyp (Ulmus glabra); lânseigen, wurdt in grutte beam, de donkergriene blêden en de bast fiele rûch oan; rint ei april, begjin maaie út.
  • Ingelske fjildyp (Ulmus procera)
  • Hollânske yp (Ulmus ×hollandica) is in krúsing tusken de ruwe iep en de gladde iep.
    • Ulmus x hollandica 'Groeneveld' is yn 1941 ûntstien en yn 1949 selektearre.
    • Huntington Yp (Ulmus hollandica 'Vegeta')'
    • Goudyp (Ulmus hollandica 'Wredei'), gougiele blêden, yn parken by bûtenpleatsen.

De yn Nederlân oanplante soarten binne faak krúsings tusken de soarten Ulmus glabra, Ulmus wallichiana, Ulmus carpinifolia en Ulmus ×hollandica

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hiemstra et al., (2005). Belang en toekomst van de iep in Nederland. Praktijkonderzoek Plant & Omgeving, Wageningen UR
  2. Burdekin, D. A. & Rushforth, K. D. (Revised by Webber J. F. 1996). Elms resistant to Dutch elm disease. Arboricultural Research Note 2/96. Arboricultural Advisory and Information Service, Alice Holt, Farnham, UK.
  3. Elm. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.
  4. Elm. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.
  5. Osborne, P. (1983). The influence of Dutch elm disease on bird population trends. Bird Study, 1983: 27-38.
  • Helge Vedel/Johan Lange, Bomen en struiken in bos en veld. Moussault's útjouwerij, Baarn (1976)
  • J.H. Brouwer en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Iep.