Ingvaeones

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ingvaeonen)
Fersprieding fan de fiif Germaanske haadkloften yn 1e iuw nei Kr.

De Ingvaeones, ek Ingaevones en Noardseegermanen, is in sammelnamme foar Germaanske stammen dy't benammen oan de Noardseekust wennen. De yndieling komt út it boek Germania fan Tacitus, dy't neist de Ingvaeones de Irminones en de Istvaeones as groepen binnen de West-Germanen neamde.

Ta de Ingvaeones hearden de Angelen, Friezen, Juten en de Saksen. It kontakt tusken al dizze stammen wie sa dat ûntjouwings dield waarden; der wie in mienskiplike kulturele identiteit dy't earst nei it Grutte Folkeferfarren út inoar rûn.

De saneamde Ingvaeoanske talen binne in famylje fan talen mei in stik of wat mienskiplike kenmerken.