Ingelske lânskipsstyl
|
Ingelske tún yn Wilton
|
|
Ingelske tún by Slot Zeist
|
|
Wetterstream yn Ingelske tún by München
|
Een Ingelske tún, Ingelske lânskipstún of tún yn de Ingelske lânskipsstyl is in lânskipstún dy't yn de twadde helte fan de 18e ieu en it begjin fan de 19e ieu yn de moade kaam.
Yn Ingelân stapte men op seker stuit ôf fan it idee dat de natoer yn'e hân en fan minsken oerhearske wurde moast, sa't dat stâl krige yn de strang symmetryske Frânske tún mei syn geometryske foarmen. De túnen waarden no sûnder symmetry en lykwicht oanlein. Wol hienen sy noch sobere paviljoentsjes, mar bygelyks bylden kamen der net folle mear yn. It ûntwerp is basearre op de doetiidske foarstelling fan romantyske, parkeftige lânskippen mei ûnferwachte trochkykjes, ek op it omlizzende fjild. Dat waard stâl jûn troch it oanlizzen fan gersfjilden, leafst op in terrein mei hichten, mei hjir en dêr beamgroepen en keunstmjittige markes en streamkes.
De strakke barokke styl rekke al foar de Frânske revolúsje út de moade, wat goed te sjen wie yn de Ingelske moade (Mode à l'Anglaise), dy't letter oerroan yn de Romantyk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skaaimerken fan de Ingelske lânskipstún
- soart fan tafallich lykjende, 'natuerlike', asymmetryske oanlis.
- fariaasje yn patroanen fan paden en wetterpartijen op romme weagjende gersflakten.
- nijsgjirrige ôfwikseling fan groepen planten/beammen en túnornaminten, sa as in timpel, Sineeske pagoade, hermitaazje en oare eksoatyske, saneamde 'follies'
[bewurkje seksje] Bekende Ingelske túnen en parken
[bewurkje seksje] Nederlân
- Vondelpark yn Amsterdam
- Sarphatipark yn Amsterdam
- Florapark yn Amsterdam
- De Ingelske Tún op Begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam
- Park Sonsbeek yn Arnhim
- It Van Bergen IJzendoornpark yn Gouda
- Het Noorderplantsoen yn Grins
- De Ingelske Tún yn Harns
- De tún fan Epema State yn Ysbrechtum
- De Keukenhof in Lisse
- Het Park yn Rotterdam
- It súdlik part fan it Julianapark yn Utert
- Park Rams Woerthe tn Stienwyk
- It park om Slot Zeist hinne, by Zeist
- Wilhelminapark yn Utert
- It Engelse Werk yn Swol
[bewurkje seksje] Oare lannen
- De Paleistuin fan Buckingham Palace, Londen
- Los jardines del Buen Retiro, Madrid
- Stourhead, yn Wiltshire (Ingelân)
- Englischer Garten, München
- Part fan de tún fan it Paleis fan Caserta, Napels
- Kew Gardens, Richmond
[bewurkje seksje] Arsjitekten fan Ingelske túnen
- Stephen Switzer (1682-1745), Nobleman's, Gentleman's and Gardener's recreation
- William Kent (1685-1748)
- Charles Bridgeman
- Capability Brown (1716-1783)
- John Vanbrugh (1664-1726)
- Lodewijk Wilhelmus Copijn (1878 - 1945)
- Lucas Pieters Roodbaard (1782 - 1851)
- Gerrit Vlaskamp yn Fryslân (1834 - 1906)
- Benjamin Thompson (1753 – 1814)
- Eduard Petzold (1815 - 1891)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory English gardens fan Wikimedia Commons. |