India Summer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
India Summer
India Summer 2011.jpg
nasjonaliteit: Flag of the United States.svg Amerikaansk
oare artystenammen: India, India Summers
echte namme: Jody Jean Olson
etnisiteit: Flag of Germany.svg Dútsk,
Flag of Ireland.svg Iersk,
Flag of England.svg Ingelsk,
Flag of the American Indian Movement.svg Yndiaansk
berne: 26 april 1976
berteplak: Des Moines (Iowa)
stoarn: n.f.t.
jierren aktyf: 2005 – no

India Summer, echte namme: Jody Jean Olson (26 april 1976), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan mingd Dútsk-Iersk-Ingelsk- Yndiaansk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as India Summers.

India Summer yn 2013.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | edit source]

India Summer is hikke en tein yn Des Moines, de haadstêd fan 'e steat Iowa, dêr't se opgroeide as in ienlingsbern. Op 'e middelbere skoalle die se oan hurddraven en cross country. Yn har middelbere-skoaljierren en yn har studintetiid hie se bybaantsjes as ferkeapster yn in juwelierswinkel en as strânwacht. Se hat in bachelorstitel yn ûnderwiiskunde.

Yn desimber 2005, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. As artystenamme keas se "India Summer", dat se ûntliende oan it nûmer Indian Summer, fan 'e band The Doors. Yn septimber 2006 begûn se fulltime as pornoaktrise te wurkjen. Underwilens hat se al yn mear as 400 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2011 regissearre se har earste pornofilm, Perfect Fit. Yn jannewaris 2012 makke de Internet Adult Film Database (IAFD) bekend dat Summer "de aktyfste artyste yn 'e [porno]yndustry" wie, mei't se it foargeande jiers yn net minder as 78 ûnderskate film spile hie. Se hat in stikmannich prizen wûn, wêrûnder twa AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld): yn 2011 ien foar bêste aktrise, en yn 2012 ien foar milf/cougar-artyste fan it jier.

Njonken har aktearwurk posearret Summer ek foar neakenblêden en hat se lytse roltsjes hân yn 'e mainstream-tillevyzjesearjes Sons of Anarchy en Dexter. Summer is mear as tsien jier troud, mar is in swinger. Se omskriuwt harsels as "tige biseksueel", en docht oan yoga, tantryske seks en meditaasje.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste aktrise Drill Baby Drill!
CAVR Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne
(mei Dana DeArmond en Chastity Lynn)
Lesbian House Hunters 1
nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Lorelei Lee) Private Independent 2: Open Invitation – A Real Swinger’s Party in San Francisco
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei 6 oaren) An Orgy of Exes
nominearre bêste groepsekssêne
(mei Lorelei Lee, James Deen en Mickey Mod)
Private Independent 2: Open Invitation – A Real Swinger’s Party in San Francisco
nominearre bêste groepsekssêne (mei 13 oaren) Bonny & Clide
nominearre bêste byrol fan in aktrise The Sex Files 2: A Dark XXX Parody
wûn bêste aktrise Private Independent 2: Open Invitation – A Real Swinger’s Party in San Francisco
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess) Lesbian Sex 1
nominearre bêste byrol fan in aktrise Eternal
wûn milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award wûn milf fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
wûn ûnderwurdearre stjer n.f.t.
2013 XRCO Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.