Ina Boudier-Bakker

Ut Wikipedy
Ina Boudier-Bakker
skriuwer
Ina Boudier-Bakker (1960)
Ina Boudier-Bakker (1960)
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym I.B.
echte namme Klaziena Boudier-Bakker
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplak Amsterdam
wurk
bekendste
  wurk(en)
De klop op de deur

Klaziena (Ina) Boudier-Bakker (Amsterdam, 15 april 1875Utert, 26 desimber 1966) wie in Nederlânsk skriuwster fan romans. Har ferneamdste wurk is De klop op de deur út 1930.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ina Bakker troude mei 27 jier mei Henry Boudier, direkteur fan de PTT. Fanwege syn wurk moasten sy geregeldwei ferhúzje; sy wennen yn Utert, Vianen, Aerdenhout en Grins. Yn 1929 gie hja foar fêst werom nei Utert.

Yn 1902 skreau hja har debút, de novelle Machten, mar sy ferovere earst wier har plak tusken de grutte Nederlânske auteurs mei de roman Armoede, dy't se fan 1907 oan 1909 yn Utert skreau. Har no bekendste boek, De klop op de deur, skreau hja yn 1930. It waard yn 1970 foar telefyzje bewurke (De klop op de deur, telefyzjerige 1970-1971). Yn de Twadde Wrâldoarloch lei se eltse terreurdie fêst yn ferzen, dy't se koart nei de oarloch foardroegen hat yn de Piterstesjerke.

Ina Boudier-Bakker
(Isaac Israëls)

Nei de oarloch waard it libben fan Boudier-Bakker bot beynfloede troch sykte fan har man en harsels; har man stoar yn 1952. Dêrtroch liet sy har lykwols net út it fjild slaan en sy skreau noch tal fan boeken, û.o. Finale (1957) dat in grut súkses wie. Ina's oeuvre waard yn 1963 bekroane mei de Tollenspriis.


At har mânske oeuvre by in streaminging yndield wurde moast, soe it nei alle gedachten it etiket fan "hûskeamerrealisme" of "damesroman" krije. De lêste typearring is troch de kritikus Menno ter Braak yntrodusearre foar boeken dy't ferskynden yn de neidagen fan it naturalisme en dy't meast troch frouljusauteurs skreaun waarden. De dúdlikste naturalistyske skaaimerken yn dy boeken waarden meast sa bot ôfswakke dat in maklik lêsber, realistysk ferhaal oer it wol en wee fan in hûshâlding oerbleau. In fertelling mei in protte wiidweidige detaillearre - psychologyske - beskriuwings. Ina Boudier-Bakker wie in soarte fan master op dat mêd; har bynamme wie 'keninginne fan de Nederlânske damesroman.

Ina Boudier-Bakker is in soad lêzen, mar de wurdearring fan it publyk waard net dield troch de literêre wrâld. Oer De Klop op de Deur publisearre De Gids ea as grap de saneamde koartste resinsje: "Niet open doen!". Menno ter Braak sette him bot ôf tsjin "de gemoedelijke huiskamer van de psychologische roman". Boppedat hat er de reputaasje fan Ina Boudier-Bakker definityf bedoarn troch har yn 1935 fan plagiaat yn har roman Vrouw Jacob te beskuldigjen. Ek no is der mar in bytsje wurdearring foar har wurk.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • "Najaar", Nederland (1899) juny (debút)
  • "Avond", Van eigen bodem (byblêd fan Elseviers Geïllustreerd Maandschrift) (1899) aug.
  • Oom Sam's misrekening (ûnder pseudonym I. B.) (rige Voor den coupé) (Bruna, 1899)
  • Van Amsterdam naar Londen (ûnder pseudonym I. B.) (rige Voor den coupé) (Bruna, 1900)
  • Machten (novellen) (1902)
  • Het beloofde land (roman) (1903)
  • Verleden. Drama yn 3 bedriuwen (1903)
  • Wat komen zal (roman) (1904)
  • Kinderen (novellen, ûnder oaren "Inkt" en "Pa's kinderen") (1905)
  • Grenzen (roman) (1907)
  • Zorgen (novellen) (1907)
  • Het hoogste recht. Toanielspul yn 4 bedriuwen (1907)
  • Armoede (roman) (1909)
  • Een dorre plant (1909)
  • Bloesem (novellen) (1912)
  • Novellen voor de jeugd (1913)
  • De ongeweten dingen (novellen) (1915)
  • Het spiegeltje (roman) (1917)
  • Aan den overkant (roman) (1920)
  • De moderne vrouw en haar tekort (brosjure) (1921)
  • In de engte (novellen) (1922)
  • Blijde geboorte. Bondel Krystferhalen (1923)
  • De straat (roman) (1924)
  • De moeders (novelle) (1925)
  • Dans (novelle) (1926)
  • Springvloed. Tooneelspel in drie bedrijven met een voorspel (1926)
  • Twee voeten (roman) (1928)
  • Tooverlantaarn (novellen) (1928/29)
  • De klop op de deur. Amsterdamsche familieroman (1930), ek op DBNL
  • De verschijningen der menschenziel in het sprookje (1932)
  • Het kind in den strijd met leugen en vrees (1932)
  • Saraï (1933)
  • Vrouw Jacob (roman) (1935)
  • Paul (1936)
  • Ester. Toneelspel (1938)http://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=boud007
  • Aan den grooten weg (1939)
  • Uren met Andersen (1940)
  • Dierentuin (1941)
  • Geeft Acht! Oarlochsferzen út de jierren 1940-45 (1945)
  • Goud uit stro. Amsterdamse gezinsroman uit de jaren 1830-31 (1950)
  • Heiligdom van 't hart (1951)
  • De wekker (1952)
  • Vier grote Oranjes. Een karakterschets (1954)
  • Kleine kruisvaart (1955)
  • Altijd elders (1956)
  • Finale (1957)
  • De eeuwige andere (1959)
  • Momenten (1961)
  • Honger (1962)
  • Boeket uit het werk van Ina Boudier-Bakker (karlêzing) (1965)
  • Uit de kartonnen doos (1967)
  • Met de tanden op elkaar. Dagboeknotities '40-'45, besoarge fan Hans Edinga (1975); nije útjefte: Zo doods en stil en donker. Oorlogsdagboek 1940-1945, bes. Rémon van Gemeren (2013)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • P.H. Ritter Jr., Het huis eener kunstenares. Amsterdam: Querido, 1926.
  • J.H. Rössing, Ina Boudier-Bakker. Baarn: Hollandia, 1926
  • P.H. Ritter Jr., De vertelster weerspiegeld. Leven en werken van Ina Boudier-Bakker. Amsterdam: Ned. Keurboekerij, 1931.
  • Hans Edinga, Tien huizen, duizend levens. Het leven van Ina Boudier-Bakker. Amsterdam: Van Kampen, 1969.
  • Gé Vaartjes, "Een literaire rel uit 1935. Ina Boudier-Bakker en 'Vrouw Jacob'", Literatuur 2 (1985) 1 (jan.-feb.), sd. 35-42.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]