In Liet foar Simeon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
T.S. Eliot yn 1934.

In Liet foar Simeon, yn it oarspronklike Ingelsk: A Song for Simeon, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). It is ien fan Eliot syn fersen wêryn't er útdrukking joech oan syn kristlik leauwe. Hy skreau In Liet foar Simeon yn 1928. It waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e Ariel Poems, yn 1930, en oerset yn it Frysk troch Jabik Veenbaas, yn 1991.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Yn In Liet foar Simeon brûkte Eliot syn leauwe as sintraal ûnderwerp. De Simeön út 'e titel is de fromme âldman dy't neamd wurdt yn Lukas 2:25-35, dy't in lofsang útspriek doe't er de poppe Jezus mei eigen eagen yn 'e Timpel fan Jeruzalim seach. Oan 'e ien kant liket In Liet foar Simeon de tinzen fan Simeon sels te ferwurdzjen, mei't er neffens Lukas 25 "de fertreasting fan Israel ferwachte." In selde soarte hope sprekt ek út it gedicht. De sprekker is op jierren en krebintich, "tachtich jier en sûnder moarn", en hat lang wachte oant er "de ferlossing" oanskôge hat. No kin er rêstich stjerre: "Lit Jo tsjinner ôfsette."

Oan 'e oare kant identifisearret Eliot himsels mei de ferteller, dy't ek ien fan 'e wichtichste tema's fan it modernisme útdrukt, nammentlik de ferfrjemding fan in wrâld dy't feroare is en de desyllúzjes oangeande de ûnbehearskbere takomst. In elk is bang om te stjerren en hopet op it ien of oar nei de dea, mar nimmen wit wat him wachtet. Dêr kin men jin inkeld by dellizze. Noch kin men witte wat jins neibesteanden nei jins dea oerkomme sil. Yn it gedicht freget de sprekker him ôf: "wêr sille myn bernsbern keare? / As de tiid fan fertriet wer komt?"

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

A Song for Simeon waard ûnder titel In Liet foar Simeon yn it Frysk oerset troch Jabik Veenbaas, dy't dy fertaling yn 1991 publisearre yn it maartnûmer fan it tydskrift HJIR, yn 'e mande mei de orizjinele Ingelske tekst fan it gedicht, en in Nederlânske oersetting troch Gabriël Smit.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eliot, T.S., A Song for Simeon, yn: HJIR, 1991, ôfl. 1 (maart), s. 29.
  • Eliot, T.S., In Liet foar Simeon (oers. Jabik Veenbaas), yn: HJIR, 1991, ôfl. 1 (maart), s. 31-32.
  • Eliot, T.S., Een Lied voor Simeon (oers. Gabriël Smit), yn: HJIR, 1991, ôfl. 1 (maart), s. 30.