Imago (flinters)

Ut Wikipedy

De Imago is de folwoeksen foarm fan de flinter. Yn dizze foarm hawwe de flinters faak hiele moaie uterlike kenmerken. Fral hawwe guon soarten prachtige kleuren. Sommige skaaien hawwe felle kleuren om fijannen skrikke te litte. De Deipauëach hat bygelyks in stel eagen op de wjukken sitten. Dizze eagen dogge tinken oan in grut bist. In fûgel sil dêrtroch net gau dizze flinter pakke. Se binne bang dat se sels opfretten wurde. Mar oarsom binne der ek flinters dy't krekt skutkleuren hawwe.

Flinters wurde faak sammele. Rûpen kinne allinnich bewarre wurde yn konservearringsmiddels mar in folwoeksen flinter kin jierren bewarre wurde. Salang at nimmen oan de wjukken sit, bliuwe de flinters like moai as libbene flinters.

Flinters kinne fleane yn ferskillende generaasjes. Dat betsjut dat in flintersoart himsels meardere kearen yn it jier fan aai nei flinter ûntwikkelje kin. Dat jildt bygelyks foar de Lytse Wite Koalflinter dy't yn trije of soms fjouwer generaasjes fljocht. Der binne ek flintersoarten dy’t mar ien kear fleane, bygelyks de Sompeparlemoerflinter.

In Flinter Imago.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]