Ilona Staller
Elena (Ilona) Anna Staller, ek wol oantsjut mei la Cicciolina (Boedapest, 26 novimber 1951) is in Italjaanske pornoaktrise en sjongster fan Hongaarske orizjine. Sy kaam yn 1987 yn it Italjaansk parlemint foar partij Partito Radicale, en wie dêrmei de earste pornostjer yn de wrâld dy't in sit krige yn in demokratysk parlemint. La Cicciolina is ôflaat fan it Italjaanske ciccia (fleis) en betsjut sokssawat as (frommus) dy't goed yn it fleis sit.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Politika
Staller gie gewoan troch mei it spyljen yn hurde pornofilms doe't sy politikus wie.[1] Sy waard ferneamd troch it bleat litten fan ien boarst by politike sprekbeurten.[2]. Flak foar it útbrekken fan de Golfoarloch bea Staller Saddam Hoessein seks oan yn ruil foar it frijlitten fan bûtenlânske gizelers. Sy waard net opnij keazen by de ferkiezingen fan 1991.
Yn 1991 wie Staller by de stifters fan de politike beweging Partito dell'Amore (Leafdepartij), dêr't har freon en kollega-pornostjer Moana Pozzi foaroanfrou fan wie.
Jannewaris 2002 ûndersoch sy de mooglikheid om kampanje te fieren yn Hongarije; hja woe it Kőbánya distrikt (Budapest) yn it Hongaarsk parlemint fertsjintwurdigje. It slagge lykwols yn fierste fierte net. Itselde jier die hja mei oan lokale ferkiezings yn Monza, Itaalje, mei de belofte om in prominint gebou dêre te feroarjen yn gokpaleis, mar se krige te min stimmen. In fergelykber plan om boargemaster fan Milaan te wurden mislearre ek (yn 2004).
Yn oktober 2002 bea sy Saddam Hoessein fannijs har lichem oan, dit kear om him oer te heljen om FN-ynspeksje op de fabrikaazje fan massaferneatigingswapens yn Irak ta te stean. Yn april 2006 krige Osama bin Laden itselde oanbean.
[bewurkje seksje] Houlik mei Koons
Yn 1991 troude Staller mei de Amerikaanske keunstner Jeff Koons, yn 1994 giene sy wer út elkoar. Ut dit houlik waard in soan berne, Ludwig, dy't it ûnderwerp fan in juridyske fjildslach waard. Yn 1998 oardielde it Amerikaanske gerjochtshof dat Jeff Koons hoed en noed foar it bern stean mocht, mar la Cicciolina hold it bern yn Rome. Ludwig waard ferneamd nei de kranksinnige kening Loadewyk II fan Beieren. It oansetten fan it bern waard troch Koons en la Cicciolina sjoen as keunstwurk en waard fotografearre en filme en útstald ûnder de titel Made In Heaven. Koons beskôget syn soan as in troch him skepen biologyske skulptuer. De skriuwer Tommy Wieringa waard troch dize histoarje ynspirearre ta it skriuwen fan Caesarion (2009).
[bewurkje seksje] Muzikale karriêre
Staller hat ferskate ferskes opnaam, meast fan live-optredens, mei 'eksplisite'teksten op wizen fan bernelietsjes. Har meast bekende lietsje is "Muscolo Rosso," hielendal wijd oan il cazzo, "de pyst". Ut reden fan ynhâld en wurdkar koe dit liet net útbrocht wurde yn Itaalje, mar waard it wol in hit in oare lannen, benammen yn Frankryk, dêr't de harkers gjin aan fan de betsjutting fan de tekst hiene. De song waard ek frijwat populêr op it ynternet, sadat ek Italjanen der kennis mei meitsje koenen.
[bewurkje seksje] Filmografy
- Carcere amori bestiali (1994)
- Replikator (1994)
- Ho scopato un'aliena (1992)
- Le Donne di Mandingo (1991)
- Backfield in Motion (1990)
- Cicciolina e Moana ai mondiali (1990)
- Rise of the Roman Empress # 2 (1990)
- Tutte le provocazioni di Moana (1990)
- Bottega del piacere, La (1988)
- The Devil in Mr. Holmes (1987)
- Carne bollente (1987)
- Cicciolina Number One (1986)
- Banane al cioccolato (1986)
- Telefono rosso (1986)
- I Racconti sensuali di Cicciolina (1985)
- Il Pornopoker (1984)
- Conchiglia dei desideri (1983)
- Senza buccia (1980)
- John Travolto... da un insolito destino (1979)
- Bedtime Stories (1979)
- Cicciolina amore mio (1979)
- Dedicato al mare Egeo (1979)
- Voglia di donna (1978)
- Il Mondo dei sensi di Emy Wong (1977)
- Bestialità (1976)
- I Prosseneti (1976)
- Inibizione (1976)
- ...a tutte le auto della polizia (1975)
- Il Cav. Costante Nicosia demoniaco, ovvero: Dracula in Brianza (1975)
- Cuore di cane (1975)
- L' Ingenua (1975)
- La Liceale (1975)
- La Supplente (1975)
- Vizi privati, pubbliche virtù (1975)
- Incontro d'amore (1970)
[bewurkje seksje] Sitaat
- "Myn boarsten hawwe nea immen kwea dien, wylst bin Laden syn kriich tûzenen slachtoffers makke hat." -- Oktober 2002 [3]
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |