Ierdswel
| Ierdswel | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Riparia riparia |
De Ierdswel (Riparia riparia) is in fûgel út de famylje fan de swellen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Fryske nammen
Oare Fryske nammen foar de Ierdswel binne: Gongswel, Grûnswel, Modderswel, Feale as Skiere Swel.
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Ierdswel is de lytste swel dy't yn Jeropa foarkomt, en is sa'n 13 sm lang. De fûgel hat in licht foarke sturt en hat oan de boppekant brune fearren. De underkant is meast ljocht, mar wol hat der noch in brune boarst.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Ierdswel komt foar yn Noard-Amearika en Jeraazje, it is in trekfûgel dy't fan maaie oant septimber yn harren briedgebiet bliuwe. De fûgels oerwinterje yn Sintraal Afrika en Súd-Amearika. Ierdswellen binne meast te finen yn in iepen lânskip, yn de buert fan wetter. Om't se harren nêst yn in steile oere útgrave moat dit wol foarhannen wêze. Se kommen dan ek meast foar by rivieren as sânôfgravings, ek wurde dêr spesjale nêstwanden oanlein, bygelyks by Ljouwert by de Lytse Wielen.
[bewurkje seksje] Iten
De Ierdswel fleant by it jeien leech oer it wetter om ynsekten te fangen. De swellen kinne dêrby in snelheid fan in 50 km yn it oere helje.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Ierdswel is in koloanjebrieder. Sa as al neamt meitsje de fûgels in nêst yn in steile oere as wand fan sân as liem. Se grave in gong ungefear in earm lang, mei harren snaffel en poaten. It nêst oan it ein wurdt mei fearren beklaaid.
Ien as twa kear yn it jier wurdt in 5 as 6 aaien troch de beide âlden yn in goeie twa wiken útbret. De jongen wurde dêrnei troch beide âlden fersoarge oant se nei sa'n 18 oant 23 dagen foardat se it nêst ferlitte.