Eardske
Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Ierdmantsje")
In eardske, ierdmantsje of soldaatsje is yn it Fryske folksleauwe in eardske mei in soldatepak oan dat ûnder de hurdkûle libbet.
Minsken mei boppenatuerlike jeften koenen him dêrút oproppe. De ierdmantsjes wisten fan ferburgen skatten en nachtlike aktiviteit op de pleats wurdt oan harren taskreaun. Ierdmantsjes wenen ek yn de bosk fan Aldemardum en yn in stik lân by Skerpenseel. Foar Lútsen Wagenaars lokalisaasje yn Sint Nyk yn syn bekende ferhaal út 1879 is hy sels ferantwurdlik.
Ierdmanspypke [bewurkje seksje]
By it ploeien of ôfbrekken fan âlde huzen wurde faak koarte dikke liemen pypkes fûn. De ierdmantsjes soenen der út smookt hawwe. Tink hjirby ek oan 'ierdmanspot' foar diggelguod dat út de grûn komt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|