Ierdbeiflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ierdbeiflinter
Pyrgus malvae1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Hesperiidae)
soarte
Pyrgus malvae

De Ierdbeiflinter (Pyrgus malvae) is in soarte yn it skaai fan de Puzelgroukopkes(Pyrgus)

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De ierdbeiflinter is in seldsume flinter. Yn hiel Europa is de efterútgong fan de flinter te sjen. De flinter hâldt fan fochtige droege greiden en heidefjilden. De flinter komt foar yn it midden fan Nederlân, yn de súdlike dunen fan Noard- Hollân, Skiermûntseach en Skylge. It is in honkfêste soart.

Op de reade list stiet de flinter as bedrige.


Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant fanôf heal april oant heal juny. Foaral tusken 15 maaie en 5 juny. Fleant altyd yn 1 generaasje.


Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De ierdbeiflinter is in lytse groukopflinter. De wjuklingte is likernôch 11 mm. De boppekanten fan de wjukken binne donkerbrún mei in soart wite plakjes. Ek is dúdlik in rige mei grize plakjes te sjen. It wite fjouwerkante plak op de boppekant fan de efterwjuk is goed te sjen. De ûnderkant fan de efterwjuk is ljochtbrún.


De rûp.[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is ljochtgrien-eftich en is bedekt mei koarte wyteftige boarsteltsjes. De kop is swartbrún mei hierkes. Hiele jonge rûpen libje yn in siden ûnderkommen ûnder in blêd. De gruttere rûpen rolje it blêd op en meitsje dat as in ûnderkommen. De rûpen ite meastel yn de jûntiid en op de betide moarn. De rûp groet yn de foarsimmer en yn de simmer. De rûp ferpopket him yn in losse kokon yn in krûdlaach. De pop oerwinteret.

De rûp fret fan wylde ierdbei planten, tormentil, daubream, hantsjeblêd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]