Ielreager

Ut Wikipedy
ielreager
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje reagerfûgels (Ardeidae)
skaai reagers (Ardea)
soarte
Ardea cinerea
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     dwaalgast
     eksoat


De ielreager (Ardea cinerea) is de meast foarkommende soart út de famylje fan de reagers of reagerfûgels yn Fryslân en Nederlân.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ielreager is in grutte fûgel fan sa'n 90 sm en kin wol 1600 gram wage. De beide slachten hawwe in gelikens uterlik. De boppekant is griis, fan de kop oant de sturt, ek de wjukken binne griis mei swarte úteinen. De kop is wyt mei in brede swarte streek troch it each dy't trochrint oant yn de lange swarte toefe. De foar- en ûnderkant is aardich ljocht, wyt mei grize streken.

Plasse
Aaien fan de Ielreager

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ielreager hat fjuwer ûndersoarten:

  • Ardea cinerea cinerea Jeropa, Aazje, Afrika
  • Ardea cinerea jouyi East-Aazje
  • Ardea cinerea monica Mauretaanje, folle bleker as cinerea, ek wol as aparte soarte besjoen: "Mauretaanske ielreager" of "feale ielrager".
  • Ardea cinerea firasa Madagaskar, grutter as cinerea.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ielreagers komme foar yn it grutste part fan Jeropa en Aazje, ek binne der ielreagers yn it suden fan Afrika en op Madagaskar. Yn Jeropa binne de noardlike en eastlike fûgels trekfûgels, dy't faak yn it suden fan Jeropa of op de noardkust fan Afrika oerwinterje. Yn in grut part fan west en midden-Jeropa bliuwt de ielreager it jier rûn. De ielreagerspopulaasje wurdt dêr aardich beynfloede troch de winters. By strange winters kin in grut part fan de populaasje it foarjier net helje. Bygelyks by de winter fan 1963 doe't 45% fan de reagers de winter net oerlibbe.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fisk is it grutste part fan it iten fan de ielreager. Fierder yt der ek wol kikkerts, ringslangen, ynsekten, wjirms, slakken en jonge fûgels, somtiden ek wol mollen, rotten en mûzen.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ielreager briedt eins altiten yn koloanjes wêrby't de nêsten heech yn de beammen makke wurde. It nêst is meast aardich grut en plat, makke fan tûken en beklaaid mei lytsere tûken, gers en fearren. De beide âlden briede de 3-5 aaien yn 23-28 dagen út. De jongen bliuwe sa'n 50 dagen op it nêst.