Ibytsa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ibytsa (eilân))
Ibytsa
Spaansk: Ibiza
Katalaansk: Eivissa
flagge wapen
geografyske lokaasje

De lokaasje fan Ibytsa yn 'e Baleären.
algemien
gebietsdiel fan Spanje
  ● de Baleären
pol. status regio ("eilânrie")
haadstêd Ibytsa
offisjele taal Spaansk en Katalaansk
ynwennertal 132.637 (2010)
befolkingstichtens 231,6 / km²
oerflak 571,6 km²
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC+1 (WJT)
webside www.conselldeivissa.es

Ibytsa (Spaansk: Ibiza, útspr.: [i'βiθa]; Katalaansk: Eivissa, útspr.: [əj'visə]) is in Spaansk eilân yn it Westlike Bekken fan 'e Middellânske See en it op twa nei grutste eilân fan 'e arsjipel fan 'e Baleären. De haadstêd en grutste stêd fan it eilân hjit ek fan Ibytsa en stiet op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Bestjoerlik foarmet Ibytsa in regio of eilânrie binnen de Baleären. Ibytsa is benammen bekend wurden om it massatoerisme, it dêrmei mank geande nachtlibben op it eilân, en de dêr wer út fuortkommen elektroanyske muzyk, dy't syn oarsprong op Ibytsa fynt. De namme fan it eilân is in ferbastering fan 'e oarspronklike, Fenysyske beneaming Ibošim, wat betsjut "tawijd oan Bes" (de Egyptyske god fan 'e muzyk en de dûns), in tapaslike namme, de hjoeddeiske status fan Ibytsa as feesteilân yn acht nommen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ibytsa is ien fan 'e fjouwer haadeilannen fan 'e Baleären, mei in oerflak fan krapoan 572 km². It leit yn it Westlike Mediterrane Bekken, mei oan 'e noardwestkant de Baleaarske See en oan 'e súdeastkant de iepen Middellânske See. De stêd Falinsia, op it fêstelân fan it Ibearysk Skiereilân, leit 79 km nei it westen. Oare kant in ûngefear like brede seestrjitte oan 'e noardeastlike side fan it eilân leit it buoreilân Majorka, dat mear as seis kear sa grut is. Ek Minorka, dat oan 'e oare kant fan Majorka leit, is in stik grutter as Ibytsa. Mei it lytsere Formenteara, dat deun besuden Ibytsa leit, foarmet Ibytsa de Pynbeameilannen. Ibytsa sels is in rotseilân, mei as heechste punt de Sa Talaiassa, mei in hichte fan 475 m.

Utsjoch oer de haven fan Ibytsa.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ibytsa waard al yn 'e Prehistoarje bewenne, mar it histoaryske tiidrek begûn foar it eilân yn it jier 654 f.Kr., doe't Fenysyske kolonisten der in delsetting fêstigen. Doe't de macht fan 'e Fenysjers troch de Assyryske ynfaazjes fan harren heitelân yn it neigean rekke, waard Ibytsa in besitting fan Kartago, dat oarspronklik ek troch Fenysjers stifte wie. Oan 'e ein fan 'e Punyske Oarloggen foel it eilân yn Romeinske hannen. Yn 'e Aldheid wie Ibytsa bekend as produsint fan ferve, sâlt, fiskesaus (garum) en wol.

Nei de fal fan it Westromeinske Ryk folge in koarte snuorje fan besetting troch de Fandalen en dêrnei ferskate iuwen as in Byzantynsk gebietsdiel. Yn 990 waard Ibytsa ferovere troch de Moaren, wêrnei't it meastepart fan 'e oerbleaune lânseigen befolking him ta de islaam bekearde. Teffens setten har doe in protte Berberske kolonisten út 'e Magreb wei op it eilân nei wenjen. Yn 1235 waard Ibytsa foar it kristendom weromwûn troch kening Jakobus I fan Aragon, dy't de islamityske befolking ferdriuwe of as slaven ferkeapje liet en it eilân fannijs befolkje liet troch lju dy't fan 'e eastkust fan Kataloanje kamen.

Utsjoch oer it plattelân fan Ibytsa mei op 'e eftergrûn San Antonio Abad.

Troch de dynastike uny tusken Aragon en Kastylje, yn 1479, kaam Ibytsa úteinlik by it feriene Spanje te hearren. It eilân behold in beskate mjitte fan selsbestjoer oant 1715, doe't Filips V alle regionale autonomy yn syn keninkryk ôfskafte. Yn 'e moderne tiid foel Ibytsa ûnder de Spaanske Boargeroarloch al ier yn 'e hannen fan 'e faksisten fan generaal Francisco Franco, krekt sa't dat it gefal wie mei de buoreilannen Majorka en Formenteara. Nei't Spanje oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren wer in demokratysk regear krigen hie, kaam Ibytsa yn 1983 by de autonome mienskip fan 'e Baleären te hearren.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Baleären binne ien fan 'e santjin autonome mienskippen fan Spanje. De Baleären binne ferdield yn fjouwer eilânrieden, wêrfan't de Eilânrie fan Ibytsa (Consell Insular d'Eivissa) ien is. De eilânrie is ferantwurdlik foar kultuer, ynfrastruktuer en it gemeentlik bestjoer. Op lokaal nivo bestiet Ibytsa út 5 gemeenten.

De gemeenten fan Ibytsa.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Ibytsa stipet swier op it toerisme, dat sûnt de fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw stadichoan opkommen is, mar fral sûnt de tachtiger jierren in grutte flecht nommen hat. It eilân stiet benammen bekend om syn strântoerisme en syn ûnlijige nachtlibben, dat konsintrearre is yn 'e haadstêd Ibytsa, oan 'e súdkust, en yn San Antonio Abad (Katalaansk: Sant Antoni de Portmany), oan 'e westkust. Beide plakken omfetsje ferskate ferneamde nachtklubs dêr't fral de elektroanyske muzyk draaid wurdt dy't op Ibytsa syn oarsprong fynt en dêr't it eilân om bekend stiet, lykas trance en techno, al wurdt der ek wol house spile. Sûnt 2005 wurdt op Ibytsa elts jier it live muzykfestival Ibiza Rocks holden.

It útgeansdistrikt fan San Antonio Abad.

It toeristeseizoen begjint op it eilân tradisjoneel om begjin juny hinne en duorret oant mids oktober. Dêrby binne it fral jonge toeristen, fan 15 oant 25 jier, dy't troch it eilân oanlutsen wurde en der de hiele nacht ferfeestfiere en in grut part fan 'e dei fersliepe. It beruchte nachtlibben op Ibytsa is sa ferneamd dat it besongen is yn ferskate lieten, lykas We're Going to Ibiza fan 'e Vengaboys. Fanwegen de opmerklike duldsumens foar de misdragings fan 'e toeristen oer, hat it eilân de namme krigen fan it "Gomorra fan 'e Middellânske See". It eilânregear hat sûnt 2000 prikken yn it wurk steld om in wat heechsteandere en evenrediger foarm fan toerisme (troch bgl. gesinnen) te befoarderjen.

It strân fan Ibytsa (yn 'e fierte).

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 hie Ibytsa in befolking fan krapoan 133.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan hast 232 minsken de km². It grutste plak op it eilân is de haadstêd Ibytsa (Spaansk: Ibiza; Katalaansk: Eivissa), ek wol koartwei Vila ("Stêd") neamd, folge troch Santa Eulalia del Río (Katalaansk: Santa Eulària des Riu), en San Antonio Abad (Katalaansk: Sant Antoni de Portmany). Krekt as yn 'e rest fan Spanje is ek op Ibytsa de Roomsk-Katolike Tsjerke fierwei de grutste religieuze denominaasje.

De lânseigen Ibytsanen hearre yn etnysk opsjoch ta de Katalanen. Op it eilân wurdt fan âlds it Ibytzaansk (Eivissenc) sprutsen, in subdialekt fan it Baleaarske dialekt fan it Katalaansk. Krekt as op it buoreilân Majorka is de eigen taal lykwols sûnt de tachtiger jierren sterk yn it neigean rekke, mei't yn it massatoerisme eins inkeld gebrûk makke wurdt fan it Spaansk. Boppedat is mar 55% fan 'e eilânbefolking ek op Ibytsa berne, wylst 35% ymport fan it Spaanske fêstelân is (benammen út Andalúsje), en de restearjende 10% út bûtenlanners bestiet, mei as grutste groepen Dútsers, Britten, Latynsk-Amerikanen, Frânsen, Italjanen en Nederlanners.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ibytsa hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 15,7 °C. It eilân kriget jiers trochinoar 413 mm delslach.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.