Hylkje Goïnga

Ut Wikipedy

Hylkje Goïnga (Drylts, 15 jannewaris 1930 - Snits, 24 maaie 2001) wie in Fryske skriuwster dy't benammen koarte ferhalen skreau.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hylkje Goïnga waard berne yn in doktershúshâlding yn Drylts. Nei yn Snits it gymnasium folge te hawwen begûn se in stúdzje sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins, wêr't se lykwols nei in jier wer mei ophold. Yn 1953 boaske se mei de skriuwer Anne Wadman, ien fan har eartiidske leraren op it gymnasium. Al op har achttjinde hie Goïnga har earste koarte ferhalen publisearre (yn de Ljouwerter Krante en it literêre tydskrift De Tsjerne) en ek yn har houlik kombinearre se skriuwen mei de soarch foar har trije bern en it húshâlden. Dat gie har flot ôf, want, sa't se sels sei, "ik bin wol maklik yn it húshâlden".

De Strikel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1958 it kulturele moanneblêd De Strikel fan de grûn kaam, waard Goïnga redaksjelid hjirfan. Se soe dat yn de 37 jier dat dit tydskrift bestie bliuwe, de lêste jierren as einredaktrise. De autobiografysk tinte ferhalen dy't se sels foar De Strikel skreau ûntliende se oan har hûs- tún- en kokenferhaaltsjes, wêrfoar't se de stof ûntliende oan har eigen húshâlding. Se ferskynden yn de rubryk Oan en oer myn man. In oantal fan dizze ferhalen waard yn 1971 bondele yn har debút Jantsje... Ja heit!. It boek waard goed ûntfongen en betsjutte foar Goïnga de trochbrek nei it Fryske lêzerspublyk. Se skreau ûnder it pseudonym Martha, de namme dy't se letter oan de haadpersoan fan har ferhalen joech. Sels sei se hjiroer: "Earst wie it in pseudonym en letter waard ik fansels Martha. De ûntwikkeling fan Martha is ek myn ûntwikkeling, yn it begjin wie it Jaap en Martha, letter wennet Martha op harsels". Goïnga en Anne Wadman gongen yn 1981 út elkoar; se binne nea offisjeel skieden.

Thematyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1981 ferskynde Thús is de maggi op, ek in bondel mei ferhalen dy't earder yn De Strikel publisearre wienen. Dêrnei folgen In superman fersûpt net en oare ferhalen (1982), Frijende kikkerts (1986) (in samling ferhalen dy't sa mei inoar gearhingje dat it boek in roman neamd wurde kin), Twa dames yn in Daf (1988) en Hynstefigen (1990). Yn al dizze boeken is de relaasje man-frou it sintrale ûnderwerp. De ferhalen hawwe in feministyske ynslach, mei as kearntema it selssuchtige gedrach fan guon manlju en harren ûntrou. Sels sei se dêroer yn in fraachpetear: "In man driuwt op syn dierlike driften en dat knoeit in frou op den doer. Myn generaasje manlju, alteast in bepaalde kategory, is op 'e rin slein. Gelokkich is dat de lêste tiid wer wat oan it feroarjen, manlju hawwe tsjintwurdich mear ferantwurdlikheidsgefoel." De ferhalen fan Goïnga binne min yn te dielen yn in kategory. Se binne fakentiids komysk, tragysk of beide tagelyk en kenne nochal ris in grouwélige of bizarre draai. Har wurk is dêrtroch wol ferlykber mei dat fan de Britske skriuwer Roald Dahl.

Yn 1990 skreau Goïnga de koarte roman Op stap, it Fryske boekewikegeskink fan dat jier. Twa jier letter publisearre se Nei it park, in intrigearende koarte roman oer in demintearjende frou. Dêrmei lei se nei sa'n tweintich jier it aksint op in oar tema: dat fan de âlder wurdende frou dy't it paad bjuster oan it reitsjen is. De namme fan de haadpersoan fan har ferhalen bleau lykwols deselde: frou Martha. Nettsjinsteande dat sil Goïnga binnen de Fryske literatuer fermoedlik bekend bliuwe as de master fan it psychologyske koarte ferhaal oer relaasjes.

Oare aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goïnga wie hast tsjien jier bestjoerslid fan de Tryater. Foar dit toanielselskip skreau se de stikken Frouminske en (tegearre mei Tsjits Peanstra, Baukje Wytsma en Akky van der Veer) Twa froulju. Ek sette se foar Tryater it stik Le lavoir fan Dominique Durvin oer út it Frânsk ta Achter de tobbe. Goïnga hold fan oersetten en hie dêr neffens eigen sizzen wol har berop fan meitsje wold. Ynstee dêrfan wurke se jierrenlang by de Basissûnenstsjinst Súdwesthoeke, wêrfoar't se op legere skoallen yn Fryslân foarljochting joech oer gebitsfersoarging.

Oersettingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bondels Thús is de maggi op, In superman fersûpt net en de roman Frijende kikkerts binne troch Goïnga sels yn it Nederlânsk oersetten. Dêrneist waarden ferhalen fan har yn it Nederlânsk publisearre yn de tydskriften Libelle, Margryt, Viva en Intermagazine. Ek yn it feministysk moanneblêd Opzij binne ferhalen fan Goïnga ferskynd.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hylkje Goïnga is op Himelfeartsdei 2001 op 71-jierrige leeftyd yn Snits ferstoarn.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1986: Frijende kikkerts (bondel gearhingjende ferhalen) (yn 1988 troch harsels oerset yn Vrijende kikkers)
  • 1990: Op stap (koarte roman) (Frysk boekewikegeskink)
  • 1992: Nei it park (koarte roman)
  • 1997: Tine en ik (novelle)
  • 1998: Nei it park/Myn sigeuners (twa koarte romans)

Ferhalebondels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1971: Jantsje... ja heit
  • 1981: Thús is de maggi op (ferhalen) (yn 1982 troch harsels oersetten yn De maggi is op en andere verhalen)
  • 1982: In superman fersûpt net (ferhalen) (yn 1986 troch harsels iersetten yn Een superman en andere verhalen)
  • 1988: Twa dames yn in DAF en oare ferhalen
  • 1990: Hynstefigen (yn 1990 troch harsels oersetten yn Paardevijgen)
  • 1993: Giel mei oranje stippen

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1978: Klotske
  • 1980: Frou minske: in stik fan en oer froulju (foar Tryater)
  • 1983: Twa froulju: in rige sketsen (foar Tryater) (mei Tsjits Peanstra, Baukje Wytsma en Akky van der Veer)
  • 1988: Snypsels
  • 1995: De Famylje Huzuma (mei oare skriuwers)

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1986: Jochum, Wikje en it lytse Protsje (berneboek; oersetting út it Nederlânsk nei de oarspronklike Sweedske útjefte Per, Ida och Minimum fan Grethe Fagerström en Gunilla Hansson)
  • 1987: Fiif koarte ferhalen (teheaksel by Libelle) (mei Froukje Annema en Hylke Speerstra)
  • 1987: Libelle, it grutste frouljusblêd fan Nederlân yn de Fryske taal oerset (yntegrale oersetting yn it Frysk fan it tydskrift Libelle, mei Froukje Annema, Akky van der Veer en Baukje Wytsma)
  • 1993: in ferhaal yn Friesische Literatur/Frisian literature today (sammelbondel útjûn by de Frankfurter Buchmesse)
  • 2000: Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: