Huzinge Schoonoord

Ut Wikipedy

Huzinge Schoonoord is in hearehûs oan de Faas Eliasleane yn Baarn.

Huzinge Schoonoord

By it hûs heart in oranjery dy't oan de Trompleane stiet. It hûs is om 1802 boud foar de Amsterdamske keapman Reinhard Scherenberg. Dy hie dêrfoar de huzen Peking en Canton bouwe litten en rjochte yn 1802 in tapytfabryk op oan de Haadstrjitte fan Baarn. As er Schoonoord yn 1808 ferkeapet wurdt skreaun dat der in 12,5 ha. grut lângoed omhinne leit mei wâlen om it hûs. De wâlen wienen bedoeld tsjin de oerstreamings fan it Iemlân. Der wurdt fierders skreaun oer zeer amusante wandelwegen, statige lanen, een in Zwitserse stijl aangelegde visvijver en een nieuw gebouwde koepel in Chinese stijl. Ut de koepel wei hie men in moai útsjoch op de eardere Sudersee en Amersfoort. As it hûs ferkocht wurdt troch de nije bewenners, de famylje Faas Elias, oan A.J. Bicker wurdt de grûn fan it lângoed ferkocht en bliuwt der in lytser kavel oer foar huzinge Schoonoord.

Schoonoord bestiet no út twa parten. Oan de foarkant in wyt-plastere dwerssteand hearehûs en in net-beplastere efterhûs. De haadyngong sit yn de linkergevel fan it efterhûs, tichtby it foarhûs. It boutype docht tinken oan de eardere (ferdwûne) T-foarmige gebouwen oan de Utertske Fecht en dan benammen Huis ten Bosch yn Maarssen (1628). Oan de efterside is in geometryske roazetún. It gebou is in Ryksmonumint en is yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw yngreven restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: